Fossylfrij en feestlik tanke yn Aldehaske: "Ga fossielvrij bewegen"

10 okt 2020 - 18:33

Gjin of sa min mooglik fossile brânstoffen brûke, dat is de ynstek dit wykein op guon plakken yn Fryslân. Twa jier ferlyn waard noch de Elfwegentocht organisearre, om mear omtinken te freegjen en oplossingen sjen te litten foar it gebrûk fan gewoane disel en benzine. No is der it fossylfrije wykein.

Fossylfrij en feestlik tanke yn Aldehaske

Troch it coronafirus koe der gjin fossylfrij feest yn Aldehaske wêze. "Het grote feest is er niet, maar dat hebben we ook bewust gedaan. We hadden grootse plannen met een tankstraat waarbij mensen in de auto konden blijven zitten, maar we dachten: in deze tijd moet je dat niet doen", seit Hanneke Schmeinck. "We doen vooral de oproep: ga naar buiten wandelen of fietsen met je gezin. Ga fossielvrij bewegen."

Blauwe disel

Yn Aldehaske kin wol blauwe disel tankt wurde, wêrby't folle minder CO2 útstjitten wurdt. "In het kort is het gemaakt van plantaardige reststoffen. Dan rijdt je fossielvrij, zonder dat je je auto hoeft aan te passen."

Blauwe disel is wol wat djoerder, mar it ferskil is lyts seit Schmeinck. "Het is een slagje duurder dan gewone diesel, maar als je dat op jaarbasis omrekent bij tiendduizend kilometer, heb je het over nog geen honderd euro per jaar."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Aldehaske

(Advertinsje)
(Advertinsje)