Finansjele soargen foar musea: "2021 wordt het jaar van de waarheid"

10 okt 2020 - 17:15

Musea hearre te brûzen yn de fakânsjes. Mei pakes en beppes dy't de bernsbern meinimme. It kin noch gewoan, al meie der troch alle coronamaatregels folle minder minsken nei binnen. En krekt dat falt de musea swier. Troch alle coronamaatregels en de ferplichte sluting ôfrûne maitiid rinne benammen de lytsere musea tsjin de finansjele grinzen oan.

"Je moet vooral heel erg creatief zijn,", seit Jan Willem van Beek fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits. Hy is alle dagen dwaande mei de takomst fan syn museum. "Het is voor ons het jaar van de waarheid. We proberen toch in deze vakantie en straks de kerstvakantie zoveel mogelijk publiek naar ons toe te krijgen."

Op himsels ha de measte musea it nei omstannichheden noch bêst aardich dien, seit Mirjam Pragt fan de Museumfederatie Fryslân: "Zo slecht was de zomer niet, nee. Mensen wisten de musea goed te vinden. Groepen kwamen er alleen niet. Dus dan zijn de aantallen bezoekers lager door alle coronamaatregelen."

Aktiviteiten skrast

It Scheepvaartmuseum yn Snits hat wol aktiviteiten skrasse moatten. De Coole Kids Night, in soart fan speurtocht troch it museum, gong net troch. Mei alle frijwilligers wie it net coronaproof te krijen. "Dat wie al in ôffaller. Mar om't we dat net dien ha, kinne we de rest fan de wike wol aktiviteiten oanbiede", seit Meindert Seffinga fan it museum.

Seffinga syn baan is de lêste moannen bot feroare. Hy is no benammen dwaande om it museum finansjeel sûn te hâlden: "It binne allegear 'dagkoersen': de iene wike meitsje je in buordsje en de folgjende wike moat der al wer in oar stean. Desynfeksjemiddels moatte je oanskaffe, reservearrings op ynternet regelje, it kostet in soad ekstra jild."

Jildpotsjes

Der binne jildpotsjes beskikber foar de musea, seit Mirjam Pragt fan de Museumfederatie Fryslân: "Er zijn nu subsidieregelingen voor musea vanaf 7.500 bezoekers. Verder is er een bijdrage mogelijk uit het Mondriaan Fonds. Het Rijk helpt, maar het is wel incidenteel. Je moet er echt op anticiperen dat het nog langer gaat duren, want niemand weet hoe het komt."

'Hartstikke stom'

It Modelspoormuseum is hurd troffen, seit Van Beek. Dochs besykje se der it bêste fan te meitsjen: "We hebben beperkte ruimte, je houdt je aan de regels. We proberen met alle beperkingen die er zijn ons publiek toch een leuke ochtend en middag te geven. Het heeft wel één voordeel: we kunnen onze bezoekers meer aandacht schenken."

It moat hjir brûze, mar dat kin no net.

Meindert Seffinga fan it Scheepvaartmuseum

Foar Seffinga fielt dizze fakânsje hiel ûnwerklik: "It is hartstikke stom fansels. It moat hjir brûze, mei de bern oeral en dat docht it normaal ek. Dan binne der aktiviteiten en rint it hieltyd troch. Dat kin no net, want je moatte yn tiidslotten wurkje. We hawwe workshops en dêr kinne 15 bern by. Ja, dat wurket dochs oars. Minder spontaan, minder feestlik, mar we dogge ús bêst en meitsje der wat moais fan."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by it Scheepvaartmuseum yn Snits

(advertinsje)
(advertinsje)