Teamlieder VluchtelingenWerk: "Minsken wer yn harren krêft krije"

10 okt 2020 - 13:06

Mear as 43.000 flechtlingen fregen yn 2015 asyl oan yn Nederlân. Mar wat is der dêrnei mei harren bard? In part fan de flechtlingen is yn Fryslân kaam en dizze minsken binne sa gau't se statushâlder wiene, opfongen troch de meiwurkers en frijwilligers fan VluchtelingenWerk. Foke Dijkstra is teamlieder by dy organisaasje. Al 29 jier besiket sy de nije boargers de Nederlânske mienskip yn te loadsen.

Foto: Klaas Rozema

"It wie in yntinsive perioade", seit Dijkstra as se weromsjocht op de flechtlingekrisis fan 2015. Sy is teamlieder fan VluchtelingenWerk fan Dongeradiel en Dantumadiel. "Mar wy wiene der wol op taret. Wy koene de minsken yn de gemeente, dus ekstra frijwilligers, fine. Dat slagge wol."

Slimmer meimakke

Yn de hast 30 jier dat Dijkstra dit wurk docht hat se wol slimmer meimakke. "Wy hawwe wol mear piken hân yn dy jierren. Ik haw it ek meimakke dat der noch gjin azc's wiene. Dan kamen ferskate allinnichsteanden yn ien hûs. Dan hopen wy dat se út itselde lân kamen. Want as der bygelyks kristenen en moslims byinoar kamen, soarge it foar in soad spanningen. Dat hawwe wy no ek wol, mar it is wol better. No hawwe minsken harren eigen plakje."

Ynboargerjen yn in lokaal yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

As de flechtlingen in ferbliuwsfergunning krije, dan krije se begelieding fan de gemeente dêr't sy yn komme te wenjen. Mar fiif jier lyn wiene dat der in hiel soad. Yn it gefal fan Dijkstra har gebiet gie it om 132 statushâlders yn 2015. Dat binne mear as fjouwer kear safolle as dit jier (31).

Foar de ien is yntegrearjen makliker as foar de oar.

Foke Dijkstra, teamlieder VluchtelingenWerk

VluchtelingenWerk begeliedt de statushâlders dan meastentiids in jier. Dijkstra: "Wy sjogge dan hoe't se it dogge. Somtiden begeliede se wat langer. Foar de ien is yntegrearjen makliker as foar de oar."

Neffens Dijkstra leit dat oan de ferwachtingen. "Faak tinke statushâlders, as se in plakje foar harsels hawwe om te wenjen: 'Ik bin der'. Mar eins begjint it proses dan pas."

Tusken wâl en skip

Troch it hege oantal statushâlders yn 2015 barde it wolris dat der net goed sicht wie op elkenien, seit Dijkstra. "Ik kin it my foarstelle dat minsken rapper tusken wâl en skip falle. De reden dêrfoar is om't der te folle minsken wiene om foar ús yn de gaten te halden. Dan barde it bygelyks dat ien net nei skoalle gie, sûnder dat ien dat wist."

Foke Dijkstra

Ynboargerjen yn in lokaal yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dijkstra fertelt dat de measte flechtlingen dy't fiif jier lyn yn Fryslân kaam binne, de ynboargering ôfrûne hawwe. "In diel fan harren hat yntusken wurk fûn, mar it grutste part docht frijwilligerswurk."

Mar it wie yn de ôfrûne jierren dreech om wurk te finen, omdat der eins te min wurk is. Dêrneist is de taal faak in probleem, seit Dijkstra. "Asto as flechtling in taalprobleem hast, omdatst bygelyks allinnich mar wurke hast yn dyn doarp, dan hast langer tiid nedich om alles te learen. Dêrom sjochst dat minsken somtiden pas nei fiif jier loskomme."

Hielendal loslitte?

Nei 29 jier komt der takom jier in ein oan Dijkstra har wurk by VluchtelingenWerk. Se giet mei pensjoen. "Ik tink dat ik earst efkes ôfstân nimt fan it wurk en dan kin ik altyd as frijwilliger weromkomme." Mar it wurk mei flechtlingen folslein loslitte, dat kin sy nei alle gedachten net. "Ik genietsje derfan om minsken wer yn harren krêft te krijen."

Yn de Fryslân DOK hjirûnder wurdt yn it begjin fan 2016 it wurk fan in tal frijwilligers fan VluchtelingenWerk folge. De dokumintêre 'Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan VluchtelingenWerk' lit sjen wat harren driuwt, wat sy betsjutte foar de asylsikers en hokker problemen sy tsjinkomme yn harren wurk.

FryslanDOK Vluchtelingenwerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)