Wetterlân: pleit foar it belang fan bioferskaat en mear romte foar wetter

11 okt 2020 - 09:15

"Doar te feroarjen!", dat is it boadskip fan ekolooch Eddy Wymenga en boer Ysbrand Galama. Tegearre makken se it boekje 'Wetterlân, lân fan takomst', wêryn't se it belang fan bioferskaat en mear romte foar wetter bepleitsje.

Eddy Wymenga (l) en Ysbrand Galama - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Want sa skriuwe se: "Us lân fan wyn, waad en wetter is yn de rin fan iuwen feroare yn in greidelânskip dêr't boeren foarút koene en dêr't it optilde fan blommen en fûgels. Yn omtrint in heale iuw is dat omslein yn in produksjelânskip dat fier ôfstiet fan de mienskip. Der is gjin paad werom, mar wol in wei foarút nei in lânskip dat libbet, dêr't wat te belibjen is en dêr't boeren takomst ha."

Foar it radioprogramma Buro de Vries gie ferslachjouwer René Koster mei beide fjildmannen it bûtlân by It Heidenskip yn.

Wetterlân yn Buro de Vries

It radioprogramma Buro de Vries wurdt sneins útstjoerd by Omrop Fryslân fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns kin it programma nochris beharke wurde om 21.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)