Omrop TIP: Trochsette - Alvestêdetocht sûnder grinzen

10 okt 2020 - 10:45

Yn septimber 2020 wurdt foar it earst de 'Onbeperkte Elfstedentocht', foar minsken mei in beheining, organisearre. Fryslân DOK folget twa dielnimmers én Sandy Krijnen, de betinker fan dizze tocht. Minsken dy't it dreech hawwe, mar dochs altyd trochsette. Wat driuwt harren?

Sandy Krijnen út Koarnwert hat MS. Yn 2012 sit sy yn har rolstoel lâns de kant as har man Roel meidocht oan de Fytsalvestêdetocht. De triennen rûgelje har oer de wangen. Sy wol ek meidwaan en dy gedachte lit har net los.

Se betinkt de 'Onbeperkte Elfstedentocht', spesjaal foar minsken mei in beheining. Mei de tocht komt dizze groep yn syn krêft te stean. Minsken dy't meidogge, kinne jild ynsammelje foar in selskeazen goed doel.

Hamke Meijer mei cheque - Foto: Omrop Fryslân

Yn de Fryslân DOK 'Trochsette' meitsje dokumintêremakkers Dieuwke Kroese en André Minkema in portret fan Sandy en noch twa dielnimmers. Elly Leijstra út Brantgum hat in grutte tumor yn 'e holle, Hamke Meijer fan It Hearrenfean hat yn 2002 in swier ûngelok mei de brommer hân.

Beiden wolle graach meidwaan. En ek al kostet it allegear mear muoite troch harren beheiningen, se fiele har noch lang net 'ôfskreaun'.

Elly Leijstra - Foto: Omrop Fryslân

Sandy, Elly en Hamke binne trochsetters. Minsken dy't folop yn it libben steane en sels in bydrage leverje wolle oan it ûndersyk nei de sykte of beheining dy't sy hawwe.

Sandy Krijnen mei de Fryslân DOK-makkers Dieuwke Kroese en André Minkema - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: Trochsette - Alvestêdetocht sûnder grinzen

  • Sneon 10 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 11 oktober 13.10 oere)
  • Snein 11 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
(Advertinsje)
(Advertinsje)