Kollum: "Gratis: 10.000 euro"

10 okt 2020 - 08:43

"Je kinne oan alles merke dat der ferkiezings oankomme. Net allinnich yn Amearika, mar ek yn ús eigen lân. It is de tiid fan prachtige, politike fiergesichten mei al as net bykleurjende proefballonnen. Partijen sykje wegen om de kiezer foar harren te winnen. Opfallend oant no ta is dat foaral de jeugd as doelgroep besocht wurdt om mei te flirten.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Sa liet Sigrid Kaag fan D66 har portrettearje mei Nikkie de Jager, in saneamde 'influencer' op it gebiet fan make-up, immen dêr't de gemiddelde frou De Vries fan boppe de 40 noch nea fan heard hat. As de iene partij soks docht, kin de oare net achterbliuwe.

En as je dan wat dogge, moat it fansels wol even knalle. Dus skeat Jesse Klaver fan GrienLinks út de heup wei in plan de wrâld yn. Hy wol de miljonêrs fan Nederlân ferplichtsje om jierliks ien prosint fan harren fermogen ôf te dragen. Foar guon dy't twa miljoen as mear ha, soe it neffens Klaver twa prosint wêze moatte. Jo meie wol yn jo eigen fertsjinne hûs wenjen bliuwe, dat kapitaal telt net mei, sei er as gerêststelling.

En wat wol hy mei al dat jild? Alle bern dy't 18 jier wurde 10.000 euro jaan. As startkapitaal. Se soenen dêr it kolleezjejild fan betelje kinne of in eigen bedriuw begjinne. Daliks kamen der al tsjinberjochten, want soks rûkt fansels wol in bytsje nei omkeapjen. En dat mei net. 'Hij die bij gelegenheid van een krachtens voorschrift uitgeschreven verkiezing door gift of belofte iemand omkoopt om zijn of eens anders kiesrecht... op bepaalde wijze uit te oefenen, wordt gestraft met gevangenisstraf,' twittere Geert Wilders der daliks oerhinne. Mei 825.000 folgers soenen je dat ek wol in 'influencer' neame kinne.

De ferkiezingskampanje is dus begûn. En we ha it op dit stuit miskien net sa yn de gaten, mar dit wurde histoaryske ferkiezings. Foar de measten fan ús sil it de earste en hooplik de iennichste kear wêze dat we yn in pandemy it reade poatlead hantearje meie. En wat soe dat foar gefolch ha foar ús stimgedrach? Krekt as by de bestriding fan it firus hat nimmen dêr in pasklear antwurd op, neffens my.

No is it sa dat de measte self-made miljonêrs yn 'e regel nochal min fan harren jild ôf wolle. Se ha der hurd foar wurke en soms wat gelok hân, mar om it dan fergees fuort te jaan is in twadde. Dat aspekt fan Klaver syn plan ferjit er foar it gemak even. Ik tink net dat de miljonêrs no massaal op syn partij simme sille. Hoe dan ek, troch ditsoarte lokkerkes moat de jeugd by de polityk belutsen wurde.

It útgongspunt is fansels hartstikke nobel te neamen. De pandemy dêr't we mei syn allen yn sitte, soarget foar noch gruttere ferskillen tusken earm en ryk. De baaskes fan Amazon, Google, Apple, Facebook en in rige net neier te neamen oaljebaronnen binne dit jier noch wer riker wurden, nettsjinsteande de algemiene malêze yn de wrâld. Mar hoe wol Klaver boargje dat dy 10.000 euro foar elk bern dat 18 wurdt net opgiet oan bacchanale feesten, ladings drugs dy't de jeugd neffens Sigrid Kaag har partij frij en feilich brûke mei en feestfakânsjes om út de sleur fan de pandemy te kommen?

It freget in kompleet apparaat oan tafersjoch om al dat jild op in ferstannige wize te besteegjen, al fine in soad bern dy feestfakânsje grif in hiele ferstannige ynvestearring. Mar ik leau net dat Klaver it yn syn proefballon sa bedoelde. En dan noch wat: krije de bern fan dy miljonêrs ek 10.000 euro? Yn dat gefal skyt de duvel wer as fanâlds op de grutte bult. Maatwurk en polityk, it bliuwt in min houlik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)