Fiif jier nei flechtlingekrisis: Masho bout oan takomst yn Fryslân

10 okt 2020 - 16:05

It wie in swiere en heftige perioade. De flechtlingekrisis fan 2015. Foar it Reade Krús, it COA, mar ek foar de flechtlingen dy't manmachtich nei Nederlân kamen. Mear as 43.000 flechtlingen fregen yn 2015 asyl oan yn Nederlân. Ien fan harren wie de doe 20-jierrige Masho Gebremichael Tewelde. Hy is hielendal allinnich út syn heitelân Eritreä wei flechte.

Fiif jier nei flechtlingekrisis: Masho bout oan takomst yn Fryslân

Masho liet Eritreä efter him doe't er 18 jier wie. It Afrikaanske lân is op dat stuit ferskuord troch in oarloch en Masho is syn libben net wis. Mei tûzenen oare flechtlingen reizge hy fan lân nei lân om úteinlik de oerstek te meitsjen oer de Middellânske See. It hat twa jier duorre foardat hy yn Nederlân oankaam yn it azc yn Drachten. Hy wie hielendal allinnich, sûnder freonen of famylje, want dy moast er efterlitte.

"Het was een hele moeilijke tocht. Je weet niet waar je heen moet gaan", seit Masho as hy weromtinkt oan dy tiid. "Het waren best wel pittige jaren, maar gelukkig kon ik daarna eindelijk in Nederland zin. Ik kwam hier toen in mijn eentje en wist niets van Nederland. Ik wist niet eens hoe de huizen eruit zagen. Maar dat maakte me niet uit, ik was enorm dankbaar dat ik hier mocht zijn. In Eritrea was het niet meer te houden."

Foto: Omrop Fryslân

Ik moet mijn ouders nu al vijf jaar missen, dat is zwaar.

Masho Gebremichael Tewelde

Hy wenne yn Eritreä mei syn âlden en in broer en in sus. Hy fûn dat de oerheid it lân net goed bestjoerde. It wie de bedoeling dat jonge minsken soldaat wurde soene en gjin kar hiene om harren op de takomst te rjochtsjen. Syn âlden binne yn Eritreä bleaun. Foar harren is de situaasje hiel oars. Sy binne âlder en foar harren wurdt minder bepaald.

Allinnich kontakt fia Skype

Masho hat sûnt dy tiid syn âlden net mear yn it echt sjoen. "Ik moet mijn ouders nu al vijf jaar missen, dat is zwaar. Maar later wen je daar wel aan, omdat je ook nog contact met ze hebt. Het gaat nu wel redelijk goed. We skypen wel, maar dat is het dan ook."

Als ik naar mezelf kijk, heb ik er hard voor gewerkt en heb ik nu een goede situatie.

Masho Gebremichael Tewelde

Masho hie yn de ofrûne fiif jier mar ien doel: slagje yn Nederlân. Hy wol yntegrearje en sa gau as mooglik de taal machtich wêze. Hy is dêrom mei de oplieding Life Sciences begûn op it Nordwin College. "Ik heb wat met chemie en kan goed leren. Dus wilde ik hier gelijk doorpakken."

Foarbyldlearling

Yn it earste jier fan syn oplieding spikeret Masho fuortendaliks syn taal by. Syn dosinte Trijnie Luimstra is de grutte stipe fan Masho. "Hy is echt in foarbyldlearling", seit Luimstra. "Hy wit dat er in soad dwaan moat, om't hy dochs in efterstân hat. Mar dy hellet er yn troch hurd te wurkjen en altyd syn wurk ôf te hawwen."

Foto: Omrop Fryslân

Masho sit no yn it fjirde jier fan syn oplieding en wurket by FrieslandCampina. Dêr betellet hy syn keamer yn Ljouwert fan. "Het was in het begin niet makkelijk om hier te wonen. Alles is nieuw en het kost tijd om te wennen", seit Masho. Hy hat dy tiid nommen en is bliid mei wêr't hy no stiet. Hy fielt him Nederlanner en wol graach syn takomst opbouwe. Hoe't dy der útsjocht is noch net wis. "Maar als ik naar mezelf kijk, heb ik er hard voor gewerkt en heb ik nu een goede situatie."

Werom nei Eritreä, dat sjocht Masho net sitten. De kâns is grut dat dy oerheid dan syn paspoart ôfpakt en dan kin hy dêr net mear wei. Dochs hâldt hy hoop dat hy syn famylje ea wer sjen kin.

Omrop Fryslân sjocht de kommende wiken werom op de flechtlingekrisis. Ofrûne sneon wie dat mei in reportaazje oer Willem Boorsma en Jan Swart fan it Reade Krús. Se gongen werom nei de Waddenhal yn Harns: it plak dêr't de earste flechtlingen oankamen yn 2015.

Takom wike sjogge wy mei it COA hoe't de opfang fan flechtlingen yn Fryslân op it stuit regele is. De azc's sitte fol en der is mear opfangplak nedich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)