Coronanijs fan 10 oktober: 114 nije besmettingen; IC-baas wol folsleine lockdown

10 okt 2020 - 22:57
  • Sneon binne der 114 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân; freed wiene dat der 108;
  • Der lizze 22 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan wa 6 op de intensive care.
  • IC-foarsitter Diederik Gommers is grut foarstanner fan in folsleine lockdown, want de maatregels fan no helpe neffens him net genôch;
  • De CoronaMelder is no yn hiel Nederlân ynfierd. De app krijt in 7 fan boargerrjochte-organisaasjes;
22:57
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit coronaliveblog fan sneon oktober. Dit wie it wichtichste nijs fan hjoed:

  • Der binne hjoed 114 nije coronabesmettingen meld yn ús provinsje, seis mear as in dei earder. Der is ien Fries opnaam yn it sikehûs en in ynwenner fan de gemeente Hearrenfean is stoarn oan it firus;
  • Diederik Gommers, de foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Intensive Care, fynt it tiid foar in folsleine lockdown. Oars feroaret der neat, seit er;
  • De app CoronaMelder is no foar elkenien beskikber. Mei de app binne neffens it kabinet de útbraken te trasearjen en yn te damjen;
  • It liket erop dat premier Rutte en minister De Jonge tiisdei in parsekonferinsje jouwe oer nije maatregels tsjin it coronafirus. It kabinet riedt him dêr dizze dagen op ta.

Snein is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

22:17
Hoelang is Skiermûntseach noch coronafrij?
19:15
Soargen by musea

De skoallen ha fakânsje en dat heart foar de musea in goede perioade te wêzen: bern mei pake's en beppes op besite, mei alderhande aktiviteiten. Dit jier is dat oars, want der meie folle minder minsken nei binnen. En dus ha de musea finansjele soargen. Takom jier wurdt it spannend.

18:30
Ha jo de CoronaMelder al?

De corona-app is fan sneon ôf foar elkenien beskikber. Mei de CoronaMelder op de telefoan binne neffens it kabinet it firus en de útbraken fan besmettingen te trasearjen en yn te damjen.

Elkenien kin dizze app brûke, mar docht elkenien dat ek?

Foto: Omrop Fryslân
17:44
Gommers wol yn lockdown
Diederik Gommers - Foto: ANP

Diederik Gommers, de foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Intensive Care, seit yn it AD dat de rappe taname fan it tal coronabesmettingen reden is om gau yn in folsleine lockdown te gean. "De maatregelen zijn niet afdoende gebleken", seit der tsjin de krante. "De bedoeling was flatten the curve. Dat wil nog niet lukken."

Gommers is der grut foarstanner fan dat "we zo snel mogelijk in een lockdown gaan. En dan geen intelligente lockdown of iets dergelijks, maar een volledige. Anders verandert er niets. Hopelijk kunnen we er dan snel weer uit."

16:43
Tiisdei nije parsekonferinsje

It liket erop dat premier Rutte en minister De Jonge tiisdei in parsekonferinsje jouwe oer nije maatregels tsjin it coronafirus. It kabinet riedt him dêr dizze dagen op ta.

De lêste parsekonferinsje oer corona wie twa wiken lyn.

15:25
Minister hat noch hoop

Soarchminister Hugo de Jonge hopet noch altyd dat it deistige tal coronabesmettings dit wykein dochs noch 'ôfflakket'. Mar as dat net it gefal is, dan binne nije maatregels ûnûntkomber, seit er.

It kabinet oerleit snein wer oer it tal besmettings, dat noch hieltyd oprint. Hjoed binne der lanlik 6500 nije besmettingen meld, goed fiifhûndert mear as juster.

15:25
De lêste trije wiken
Foto: Omrop Fryslân
14:18
114 nije besmettingen

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 114 ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. Dat binne der seis mear as juster. De measte nije besmettingen binne yn de gemeente Ljouwert. Dêr ha 31 minsken posityf test op it firus. Yn Súdwest-Fryslân wiene it der 14. Der is yn Fryslân ien persoan opnaam yn it sikehûs. In ynwenner fan de gemeente Hearrenfean is oan it firus stoarn.

Oantal coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren de gemeente

Gemeente Oantal besmettingen
Achtkarspelen 6
It Amelân 1
Dantumadiel 3
Eaststellingwerf 5
Flylân 1
De Fryske Marren 6
Harns 3
Hearrenfean 9
Ljouwert 31
Noardeast-Fryslân 2
Opsterlân 1
Skiermûntseach 0
Skylge 5
Smellingerlân 7
Súdwest-Fryslân 14
Tytsjerksteradiel 8
Waadhoeke 8
Weststellingwerf 4
Totaal: 114
13:12
Wat fine de minsken op strjitte fan de corona-app?

De corona-app is fan sneon ôf foar elkenien beskikber. Mei de CoronaMelder op de telefoan binne neffens it kabinet it firus en de útbraken fan besmettingen te trasearjen en yn te damjen. As je de app brûke en je binne posityf test, dan krijt elkenien dy't langer as in kertier by dy yn de buert west hat in melding op de telefoan.

Elkenien kin dizze app brûke, mar sil elkenien dat ek dwaan? Ferslachjouwer Auke Zeldenrust peilde wat mieningen op strjitte.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust freget foarbygongers oer de corona-app

11:45
Sander Metz: #laatdemuzieknietverzuipen

Beropsmuzikant Sander Metz út Itens is in aksje op sosjale media begûn mei #laatdemuzieknietverzuipen. Hy nûget elkenien út om in foto mei dy hashtag te pleatsen, as stipe oan muzikanten. Oanlieding dêrfoar is dat er kollega-muzikanten sjoen hat dy't no troch de coronakrisis bygelyks by in boumerk of achter de kassa by de supermerk byfertsjinje moatte, om de holle boppe wetter hâlde te kinnen.

"Vorig jaar stonden wij bijna ieder weekend op het podium om onze passie te delen met het publiek en tegenwoordig wordt onze creativiteit op de proef gesteld. We proberen iedere keer weer ons hoofd boven water te houden. Hoelang houden we dit nog vol?", skriuwt Metz op syn LinkedIn-side. Ek op Twitter hat hy in foto fan himsels pleatst mei de hashtag.

9:21
Trimbos: bied minsken hoop en struktuer

Net elkenien kin like maklik omgean mei de twadde weach fan de corona-útbraak yn Nederlân. De kommende moannen kinne foar guon minsken hiel swier wurde. It is belangryk dat minsken hoop hâlde, dat se stipe krije en dat se struktuer yn harren dei hâlde, seit it Trimbos-ynstitút. Betrouwen yn de takomst kin minsken nammentlik beskermje tsjin "depressie, angst en zelfs suïcidaliteit".

Iensumens is ien fan de gefaren dy't op 'e loer lizze. Alderen yn ferpleechhuzen en minsken mei psychyske oandwaningen kinne der lêst fan krije, mar ek jongeren, sa seit Trimbos. "Mensen die sociale isolatie en eenzaamheid ervaren, hebben vaak een zwakkere weerstand, slapen slechter, hebben vaker last van depressies, problematisch alcohol- en drugsgebruik en hebben sneller te maken met cognitieve achteruitgang." Trimbos ropt op om ferpleechhuzen net mear ôf te sluten, mar manieren te finen foar feilige besiten.

Neffens it ynstitút libje de minsken de ôfrûne moannen wat minder sûn. Der wurdt mear smookt en blowd. Tagelyk bewege we minder. Dat kin komme troch "stress, angst, eenzaamheid en verveling".

7:55
In foldwaande foar de CoronaMelder

In goede 7, dat is it sifer dat boargerrjochte-organisaasje Bits of Freedom jaan soe oan de CoronaMelder, dy't sneon yn hiel Nederlân ynfierd wurdt. In foldwaande, maar wol "onder voorbehoud, want de app moet wel gaan helpen. Als hij geen effect heeft, keldert het cijfer", sa seit in wurdfierder. De CoronaMelder moat minsken warskôgje as se koartlyn flakby immen west ha by wa't it coronafirus fêststeld is. Se kinne har dan teste litte foardat se sûnder it te witten oaren besmette, sa is de gedachte.

Bits of Freedom hat mei Amnesty International, Platform Burgerrechten en Waag de app ûnder de loep nommen. De app sels sit goed yninoar "met veel aandacht voor privacy en gebruikersgemak", konkludearje de organisaasjes. Dochs hie it neffens harren better west as Nederlân langer wachte hie mei it ynfieren fan de app, oant de testkapasiteit op oarder wie.

It gebrûk fan de CoronaMelder is frijwillich. De app hat no sa'n 1,5 miljoen brûkers. Oare lannen meitsje al langer gebrûk fan apps om minsken te warskôgjen foar it risiko op besmetting.

7:41
'Fryske asylsikers mei coronaklachten nei Grinslân'

Bewenners fan de Fryske azc's kinne oerpleatst wurde nei Grinslân, as se ferskynsels fan corona ha. Dat meldt RTV Drenthe. Yn Haren wurdt in âld hotel ynrjochte as karantênelokaasje foar asylsikers.

"Een uitwijklocatie is nodig, omdat het kan voorkomen dat we in een opvanglocatie in Groningen, Friesland en Drenthe groepen bewoners niet meer gescheiden van elkaar in quarantaine of isolatie kunnen plaatsen", seit in wurdfierder fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers tsjin RTV Drenthe.

Yn Haren kinne maksimaal 100 minsken telâne. It is de bedoeling dat de lokaasje oant healweis 2021 brûkt wurdt.

7:30
Wolkom yn dit liveblog

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan sneon 10 oktober. Yn dit liveblog melde wy it lêste coronanijs út Fryslân en de rest fan it lân. It liveblog fan freed 9 oktober is hjir werom te finen.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)