Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne fan Den Haag, Libertas nipt ûnderút

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn de earedifyzjewedstriid tsjin ZVV Den Haag mei 3-2 wûn. Kompetysjegenoat Libertas út Damwâld hie in minder goede jûn. Sy ferlearen mei 2-1 fan MSV Zeemacht út Den Helder.
De sealfuotbalfroulju fan Libertas yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Drachtster Boys gie by it skoft oan de lieding troch in doelpunt fan Esther van Toledo. Nei it skoft kaam Den Haag wer op likense hichte fia in strafskop. Van Toledo brocht de ploech dêrnei wer op foarsprong, mar ek dêrfan kaam Den Haag werom fia in goal fan Viviënne Knegtmans. Jessie Prijs makke direkt dêrnei de winnende treffer fan de jûn.

Libertas

De froulju út Damwâld pakten freedtejûn wol de lieding troch in doelpunt fan Ingrid van der Wal. Renza Dijkstra en Van der Wal koene dêrnei de foarsprong mei twa grutte kânsen ferdûbeljen, mar dat slagge net. Fia in eigen doelpunt fan Thirza Leistra en in goal út in standertsituaasje stie Zeemacht by it skoft dochs op foarsprong.
Yn de twadde helte krige Esther Dekker noch in grutte kâns op de lykmakker, mar har ynset gie der net yn.

Twadde en sechde

Troch de oerwinning stiet Drachtster Boys no op it twadde plak yn de kompetysje mei tsien punten út fjouwer wedstriden. Libertas stiet op it sechde plak mei seis punten út fjouwer wedstriden.