Carlijn Niesink út Wurdum kandidaat Kamerlid foar ChristenUnie

Carlijn Niesink út Wurdum en Andries Bouwman út Ljouwert steane op de konsept kandidatelist fan de ChristenUnie foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021. Niesink is fraksjefoarsitter fan de partij yn de gemeente Ljouwert. Se stiet op plak 19. Bouwman is wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel en stiet op plak 27.
Andries Bouwman (l) en Carlijn Niesink © ChristenUnie
"We wonen in een schitterend land maar als ik zie dat er nog steeds mannen en vrouwen worden uitgebuit binnen de prostitutie en dat mensenhandel nog steeds plaatsvindt, dan wil ik daar een verschil in maken", seit Niesink.
"Daarnaast geloof ik dat ieder mens, ongeacht leeftijd, opleidingsniveau of afkomst, iets moois heeft om bij te dragen aan deze samenleving. Hoe richten we onze samenleving zo in, dat ieder tot bloei kan komen. Die uitdaging, daar wil ik graag aan meewerken", sa seit Niesink.

Segers op ien

Gert-Jan Segers, dy't opgroeid is yn Ljouwert, stiet op it earste plak fan de kandidatelist.
De list moat noch offisjeel fêststeld wurde op it digitale partijkongres fan de ChristenUnie. Dat kongres is op sneon 21 novimber.