Froulju SC Hearrenfean ticht by punt tsjin Ajax

09 okt 2020 - 21:59

De froulju fan SC Hearrenfean binne der net yn slagge om punten te pakken tsjin koprinner Ajax. De Feanster froulju ferlearen op it sportkompleks fan UDIROS yn Nijhoarne mei 2-1. Hearrenfean stiet no nei fjouwer wedstriden op plak seis yn de earedifyzje mei trije punten.

Trainer Roeland ten Berge oer it ferlies:

Roeland ten Berge

De earste mooglikheid wie foar Hearrenfean. Tiny Hoekstra krige in frije sjitkâns, mar Ajax-keeper Lize Kop koe rêde. Nei tweintich minuten iepene âld-Hearrenfean-spiler Quinty Sabajo út in scrimmage de skoare foar Ajax.

Tsien minuten foar it skoft makke Hoekstra de lykmakker. Se skeat de bal knap binnen út in foarset fan Kirsten van de Westeringh. Krekt dêrnei stie Francisca Cardoso allinne foar Kop, mar se hie it net yn de gaten en ferspile de bal. Hearrenfean dominearre yn dy faze, mar joech it inisjatyf út hannen mei in domme tsjintreffer. Keepster Charetha Okken skeat de bal sa by Vanity Lewerissa yn de fuotten, dy wist har wol ried mei dat kadoke: 1-2.

Mooglikheid op lykmakker

Nei it skoft makken de Amsterdammers it measte oanspraak op in doelpunt. De grutste kâns kaam yn de 57ste minút, mar Marjolijn van den Bighelaar miste in strafskop. Ajax liet nei de wedstriid te beslissen en dat bruts harren hast op, doe't Hoekstra in goed kertier foar de ein in grutte mooglikheid krige op de lykmakker. De oanfierster fan de Feansters skeat yn it sydnet. Ien minút foar tiid koe Cardoso foar Hearrenfean dochs noch in punt út it fjoer slepe, mar de ynset fan de Portugeeske spits ien-op-ien mei Kop wie te sêft.

SC Hearrenfean stiet op it sechde plak yn de earedifyzje. De earste fjouwer nei fjirtjin kompetysjewedstriden pleatse harren foar de kampioenspûl.

Kirsten van de Westeringh oer it ferlies tsjin har âlde ploech:

Froulju SC Hearrenfean ticht by punt tsjin Ajax

(Advertinsje)
(Advertinsje)