Aris wegeret wedstriid om coronafertinkingen: tsjinstanner wint 20-0

09 okt 2020 - 21:03

De basketbalwedstriid tusken Basketbal Academie Limburg en Aris Ljouwert giet sneontejûn net troch. De Ljouwerter ploech wol net spylje om't in tal spilers te krijen hat mei symptomen fan corona. De spilers binne test, mar de útslach sil net op tiid binnen wêze. Dêrtroch fielt de klup him twongen om ôf te sizzen.

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Yn oerienstimming mei ôfspraken binnen de Dutch Basketball League wurdt de wedstriid net opnij fêststeld en giet de oerwinning mei 20-0 nei BAL út Weert.

BAL en it kompetysjebestjoer begripe de beslissing fan Aris, mar betreurje wol dat de wedstriid net trochgean kin.

Coronafeilichheid foarop

Neffens bestjoerslid Sierd Dijkman fan Aris is it spitich, mar wie it de iennichste goede beslissing. "We ha de corona-feilichheid fan ús minsken, mar ek dy fan Weert en einliks fan de hiele kompetysje, boppe it sportive resultaat set. We fine it ûnferantwurde om mei in bus fol minsken dy't miskien coronaposityf binne, ôf te reizgjen nei Weert."

In spiler fan Aris hat yn kontakt west mei immen dy't letter posityf test hat, leit Dijkman út. "Dy hat sels no ek mylde klachten en is in karantêne." De testresultaten wiene net foar de wedstriid mei Weert binnen en dêrom hat de Ljouwerter klup besletten om it duel ôf te sizzen.

Sierd Dijkman, bestjoerslid by Aris

(Advertinsje)
(Advertinsje)