Fryske ambulânsen tenei ek te sjen op app Flitsmeister

De ambulânsen yn Fryslân binne tenei ek te sjen op de app Flitsmeister. Dat moat derfoar soargje dat automobilisten better op 'e hichte binne fan de ambulânsen en bygelyks net skrikke. "Dat is hiel belangryk. Foar de ferkearsfeiligens, de trochstreaming fan de ambulânsen. en foar ús meiwurkers en de oare weibrûkers", seit Sietze Kijlstra fan Kijlstra Ambulancezorg.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sadree't in ambulânse in melding krijt fan de meldkeamer giet der in sinjaal nei in lanlike server. Flitsmeister krijt dy data no ek tastjoerd, sadat se oare weibrûkers warskôgje kinne.
Neffens Kijlstra helje minsken op it stuit nammentlik noch wol ris rare kaprioalen út. "We sjogge wol ris as minsken skrikke dat se dan hiel hurd op de rem geane, omdat se tinke dy ambulânse moat der del. Wylst dy ambulânse gewoan folle leaver hat dat der trochriden wurdt. Oft dat se de stoepe op geane, wylst der ek minsken op de stoepe rinne, wêrtroch it noch gefaarliker wurdt", seit Kijlstra.

Yntelliginte stopljochten

Yn de takomst kinne ek oare partijen gebrûk meitsje fan it systeem. "Navigaasjesystemen dy't net standert yn de auto sitte bygelyks, mar op termyn ek nei yntelliginte stopljochten, sadat it stopljocht op grien giet as der in ambulânse komt", seit Kijlstra.
Foar auto's fan de plysje en de brânwacht wurket it systeem op it stuit noch net. "Dan moatte se harren eigen systemen dêr op oanpasse. Dat is no noch net sa", seit Kijlstra.
Sietze Kijlstra oer de nije funksje