FIDEO: Peter van der Voort yn It Polytburo

09 okt 2020 - 20:20

It syktefersom ûnder sikehûspersoniel leit op it stuit heger as normaal. Dat sei it haad fan de Intensive Care fan it UMCG yn Grins, Peter van der Voort út Boksum freed yn It Polytburo. Wêr't normaal sa'n seis prosint fan it personiel siik is, leit it fersom yn syn sikehûs no op ûngefear 15 prosint. Foar in part komt dat troch de hege wurkdruk en it feit dat guon sikehûsmeiwurkers noch net wersteld is fan de earste coronagolf earder dit jier.

Van der Voort makket him soargen oer it oprinnende oantal besmettingen yn Fryslân en de rest fan it Noarden. Want mear besmette minsken liedt úteinlik ek ta mear opnamen op de IC's, seit er. Ek de reguliere soarch komt yn de Fryske en noardlike sikehuzen yn de knipe. Fan it oantal operaasjes dat net spoedeaskjend is, wurdt tsien oant tweintich prosint net útfierd. By de earste coronagolf wie dat mear, sa'n 80 prosint, sa seit Van der Voort.

As medikus, mar ek as earste keamerlid foar D66 is Van der Voort bliid mei de komst fan de corona-app, dy't sneon fan krêft wurdt. It helpt neffens him om it coronafirus te bedimjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)