Bouwmeester sakket nei twadde plak op EK silen yn Poalen

09 okt 2020 - 19:01

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet op it Europeesk Kampioenskip Laser Radial foarearts op it twadde plak. Nei fjouwer races stiet allinne Anne-Marie Rindom foar har.

Marit Bouwmeester - Foto: Richard Langdon

Freed wie de twadde dei fan it kampioenskip yn it Poalske Gdansk. Dat begûn op tongersdei. Doe stie Bouwmeester op it earste plak. Mirthe Akkerman stie doe noch op it fjirde plak. Se is sakke nei plak acht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)