Rekreaasjewente yn Grou mei gjin bear wurde fan gemeente Ljouwert

09 okt 2020 - 18:34

It plan om in fan in rekreaasjewente yn Grou in sittende bear te meitsjen, giet as it oan gemeente Ljouwert leit net troch. In Amsterdammer wie dat fan plan. Der moatte twa poaten oan de foarkant fan it hûs komme. De gemeente Ljouwert is it hjir net mei iens, wêrnei't de eigener nei de Raad fan State stapte.

Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert jout de Amsterdammer gjin fergunning om't de wente net oerien komt mei de omjouwing. "De voorgevel krijgt een onlogische vorm", seit in wurdfierder fan de gemeente. Boppedat wurdt de fakânsjewenning ek nochris grutter as tastien is. Yn Ljouwert jildt sûnt 2016 in strang belied dat in fakânsjewente 120 kante meter wêze mei.

Trefwurden: 
Ljouwert Grou fakânsjepark
(Advertinsje)
(Advertinsje)