Besikers Nachtwacht 360 yn Nes (by Dokkum) by fersin op It Amelân

09 okt 2020 - 17:57

Ut it hiele lân komme minsken nei de tentoanstelling fan de Nachtwacht, yn de teätertsjerke fan Nes. Nes by Dokkum yn Noardeast-Fryslân. Mar dat plakje is minder bekend as Nes by Akkrum en Nes op It Amelân. En dus komt it noch wol ris foar dat minsken op it ferkearde plak stean. "Dy stean dan dan echt al op it eilân. Dy minsken binne dêr op fakânsje. En dy googelje dan Nes, dan leauwe sy dat it dêr is", seit Anke Bijlsma fan de teätertsjerke.

Foto: Theaterkerk Nes

"Meastentiids kin ik se wol oerhelje om as se wer oan de fêste wâl binne nei Nes ta te riden. Mar dan boppe Dokkum", seit Bijlsma. Mar ek yn Nes by Akkrum binne geregeld minsken op syk nei de teätertsjerke. "Dan stean minsken yn Akkrum en dan belje se yn panyk: we hiene der oer in kertier wêze moatten, mar we komme der no efter dat it is net hjirre. Dan sjogge se dat it noch in goed heal oere riden is. Dan moat ik it efkes omboeke", seit Bijlsma.

Oplossing

Om foar te kommen dat der yn de takomst wer minsken nei it ferkearde Nes ride, sykje se by de teätertsjerke no de media op. "Wy hawwe in parseberjocht ferstjoerd, sadat de media der omtinken oan jouwe. En we sette it noch dúdlik op de webside. Mear kinne we hast net dwaan", seit Bijlsma.

En dan miskien wol de belangrykste tip: "As minsken teätertsjerke Nes yntype, dan komme se automatysk wol yn de goede Nes." Minsken dy't nei de tentoanstelling wolle, moatte earst wol efkes reservearje.

Anke Bijlsma fan de teätertsjerke

(Advertinsje)
(Advertinsje)