Clevering, Jorritsma en Van der Bij helje finale EK roeien

09 okt 2020 - 17:35

Ymkje Clevering en Jan van der Bij ha de finales helle fan it Europeesk Kampioenskip roeien yn Poznan. Yn Poalen wûn Clevering de heat yn de fjouwer sûnder stjoerfrou, en dêrtroch pleatse se har foar de finale. Har boat hie de fluchste tiid fan allegearre. Snein om 12.46 is de finale.

Ymkje Clevering (links) yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Van der Bij hie it in stik dreger om mei syn boat de finale te heljen. Syn fjouwer sûnder stjoerman waard yn de heat fjirde. Yn de herkansingsronde wiene se lykwols trettjin sekonden rapper en dêrtroch meie se as lêste boat dochs noch nei de finale, dy't pland stiet foar snein om 13.01 oere.

Aletta Jorritsma hie har mei de Holland Acht al pleatst foar de finale. Yn in testwedstriid waarden se twadde, achter Roemenië en krekt foar Dútslân. Snein om 14.16 oere is de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)