Duorsum skoalgebou De Twirrewyn yn Donkerbroek klear

Donkerbroek hat sûnt freed in nij skoalgebou foar basisskoalle De Twirrewyn. Bysûnder is dat it skoalgebou net oansletten is op it gas. It doarp hat hjirmei in bernesintrum dêr't net allinne de basisskoallebern, mar ek de pjutten fan Peuterpret yn kinne.
De nijboude basisskoalle De Twirrewyn yn Donkerbroek © Gemeente Eaststellingwerf
De plannen foar De Twirrewyn binne makke doe't OBS 't Startblok en CBS De Peggebult yn 2018 fusearren. De enerzjy dy't nedich is yn it nije gebou, komt mei help fan sinnepanielen beskikber. By de skoalle is ek in pannakoai, dêr't it doarpsbelang in bydrage út it Fonds Ooststellingwerf foar krigen hat.