Molenprijs 2020 giet oan noas fan houtseachmûne De Rat yn Drylts foarby

De Molenprijs 2020 giet oan de noas fan mûne De Rat yn Drylts foarby. De priis fan 75.000 euro giet nei mûne Ceres yn Bovenkarspel. Publyk koe stimme op fjouwer nominearre mûnen.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De mûne fan Bovenkarspel helle 17-tûzen stimmen. De Rat krige 6800 stimmen en waard dêrmei twadde.
De Molenprijs is in inisjatyf fan de feriening De Hollandsche Molen, in gearwurking mei de BankGiro Loterij.