Cel geëist tegen man uit Joure voor brandstichting in Donkerbroek

Tsjin in man út De Jouwer is 187 dagen sel en in jier ûnder betingst easke, omdat er ferline jier brân makke hat by in wenhûs yn Donkerbroek.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man hie twa jerrycans benzine oer in buksushage by it hûs getten en yn de brân stutsen. De fertochte moast noch jild ha fan de man dy't der wenne. Buertbewenners ûntdutsen it fjoer en koene ek it kenteken fan de fertochte syn auto op de foto sette. Sa koe er oanhâlden wurde.
Neffens saakkundigen is de man fermindere tarekkenber. Hy is út foararrest frijlitten op betingst dat er oan in behanneling begjinne soe. Justysje wol dat er dêr mei trochgiet. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.