VIDEO: Tentoonstelling over 75 jaar SKS geopend in Fries Scheepvaart Museum

Noch nea waard in kampioenskip fan de SKS ôfsein. Krekt yn it jier dat se 75 jier bestean is it stil op it wetter. Dochs is der ek posityf nijs foar de leafhawwers fan it skûtsjesilen, want yn it skipfeartmuseum is tongersdeitemiddei in tentoanstelling oer dy ôfrûne 75 jier iepene.
FIDEO: SKS
In simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier, en dêrom komt Omrop Fryslân yn july twa wiken lang mei It Skûtsjesjoernaal op telefyzje. It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Yn de earste útstjoering binne René Nagelhout, foarsitter fan de SKS, en njoggenfâldich kampioen Douwe Jzn. Visser te gast. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.