Grote scheuren in het land: Wetterskip en boeren nemen maatregelen tegen droogte

Neffens it KNMI is it it drûchste foarjier ea metten, ek al hawwe we in hiel wiete febrewaris hân. Dat betsjut dat boeren drok binne om harren lân, dêr't troch de drûchte grutte skuorren yn sitte, en gewaaksen te rêden en dat dogge se yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân.
Wetterskip Fryslân nimt maatregels tsjin drûchte
Op it earste gesicht liket der net in soad oan de hân op it lân fan boer Sicco Hylkema by Aldegea (Súdwest-Fryslân). It gers is grien, en de kij steane rêstich te fretten. Dochs is it byld hiel oars as je wat tichterby komme. Grutte skuorren rinne troch it lân, dwers troch it griene gers. Guon skuorren binne sa djip dat boer Hylkema syn hiele hân deryn ferdwine litte kin.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar gie it lân yn mei rayonbehearder Pieter Postma fan Wetterskip Fryslân
It is drûch, tige drûch. En dus is der wurk oan de winkel foar it Wetterskip. "De boeren binne op it stuit in hiel protte oan it befloeien", fertelt rayonbehearder Pieter Postma fan Wetterskip Fryslân. "As der wetter op it lân stiet en der komt reinwetter, dan gean de skuorren wer ticht."

Wetterpeil ferhege

It Wetterskip hat it wetterpeil yn guon sleatten alfêst mei 50 oant 60 sintimeter ferhege, om't de kommende dagen rein foarsein wurdt. Dêrtroch bliuwt it wetter better op it lân, yn stee fan dat it daliks fuortrint yn de sleatten.
Postma wurket al 35 jier by Wetterskip Fryslân, mar hat noch nea meimakke dat it wetterpeil sa bot ferhege waard tsjin de drûchte. Ferline jier waard dat wol dien om de mûzepleach tsjin te gean.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Boer Hylkema hat dit jier hast noch gjin mûzen sjoen. Der is de ôfrûne dagen al flink wat wetter op syn lân pompt om de skuorren fuort te krijen. "In dei letter binne de skuorren dan eins tichtfloeid. It lân krijt dan fuort in oare kleur. Ik ferwachtsje dat we mei it wetter dat we fan 't wykein krije sille, aanst ek gers krije."
Hylkema hat troch de drûchte op it stuit minder gers as oare jierren. "Wy buorkje biologysk en binne altyd in wike letter mei kúljen as de gongbere boer. It is wolris wat wikseljend, ek troch de guozzen dy't it opfrette. Mar ik hoopje dat we der aanst wer wat gers by krije."
Hy bliuwt yn alle gefallen posityf, mei it each op de simmer dy't noch komme moat. "We ha no twa hiel drûge jierren hân, we sille no ek wolris wat oars krije."
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei boer Sicco Hylkema út Aldegea (Súdwest-Fryslân)