Recensie: "Pluto, mangaspektakel met robotlijken"

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.
Wa bisto?
Robea Kleisma.
Wat dochsto by de omrop?
Ik bin ynternetredakteur.
Wat hasto mei kultuer?
As lyts famke die ik mei oan Sinteklazemearkes yn De Harmonie. Sûnt dy tiid is teäter en muzyk de reade tried yn myn libben.
Wêr hast hinne west?
De teäterfoarstelling Pluto yn De Harmonie yn Ljouwert.
Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
Fjouwer stjerren (út fiif stjerren)
"Wat makket in mins oars as in robot? It is miskien in iepen doar, mar dat binne fansels emoasjes. Leafde, haat, it omgean mei feroaring en ferlies, dêr draait it om yn de teäterfoarstelling Pluto fan de wrâldferneamde koreograaf Sidi Larbi Cherkaoui mei de Japanske dûnsers en akteurs fan Bunkamura Theatre Cocoon. De spanning sit him yn it feit dat de haadpersoanen robots binne, dy't lykwols hieltyd minsklikere trekjes krije.
Foto: Robea Kleisma
Pluto is in spektakulêre foarstelling mei dûns en muzyk basearre op in ferhaal út de Japanske manga stripkultuer, nammentlik The Greatest Robot on Earth tekene troch Naoki Urasawa. Troch it gebrûk fan striptekeningen, yndrukwekkende fisuele effekten en metershege robots komt dy manga ek echt ta libben op it poadium.
Yn it ferhaal krijt robotdetective Gesicht te meitsjen mei in opmerklike saak. Der wurde liken fan robots en minsken fûn yn de wrâld fan Pluto. Wylst hy de saak besiket op te lossen, liket it der hieltyd mear op dat de dieder in robot is. It is foar robots ferbean, om minsken te deadzjen. Gesicht leit kontakt mei Atom, in op in mins lykjende robot en moetet ek Uran, it suske fan Atom. Sy is in robotfamke dat hiel goed minsklike emoasjes oanfiele kin.
Foto: Klazina Hofstee
Om't de foarstelling hast folslein yn it Japansk opfierd wurdt, is it ferhaal net altyd even maklik te folgjen. Der wurdt wol boppetiteling yn it Nederlânsk en it Ingelsk projektearre, mar it is sa no en dan knap lestich om de oandacht goed te ferdielen en neat te missen fan wat der op it poadium bart. It helpt ek net echt, dat der best folle sprutsen wurdt.
De yntinsiteit fan de akteurs en dûnsers, de prachtige dekôrs en de ferrassende spesjale effekten meitsje lykwols in soad goed. De konstante beweging yn de foarstelling is ek knap dien. De dûnsers ferpleatse kontinu dekôrstikken en dat giet sa soepel, dat it sa no en dan net iens liket as oft dat dien wurdt troch minsken.
Al mei al is Pluto tige de muoite wurdich. It wie ek moai om te sjen, dat der in hiel ferskaat oan publyk op de foarstelling ôfkaam. Fan jonge mangafans oant âldere leafhawwers fan Japanske kultuer en alles wat dêr tuskenyn sit. De sushi yn it skoft wie trouwens ek genietsjen."
Pluto wurdt dizze freedtejûn en sneontejûn ek noch opfierd yn De Harmonie yn Ljouwert, beide kearen om 20.15 oere. Mear ynformaasje oer dizze foarstelling yn de rige Strangers on Stage is te finen op de webside fan LF2018.