Bisto klear foar Welcome to the Village?

20 jul 2017 - 19:49

No freed giet de fyfde edysje fan Welcome to the Village los! Earder al helle de organisaasje it lanlike nijs mei ko Janneke en de boltsjes Klaas Sietse, Sjoerd en Johannes dy’t opiten waarden op it festival. Dit jier hat de organisaasje nije plannen: yn 2022 wolle se folslein fossyl- en ôffalfrij wêze. Dêr begjinne se no freed al mei. Wasto dêr as festivalbesiker fan fernimst? Wy sette it foar dy op in rychje.

  • Wurdt it lekker simmerwaar? Let op! Kinst gjin wetterfleskes mear keapje op it festivalterrein, mar wol hiel handich dyn eigen fleske fulle mei kraanwetter op ferskate tappunten. Spesjaal hjirfoar hat Vitens in kilometerlang wetternetwurk oanlein.
     
  • Fansels kinst ek noch in lekker bierke, friske of wyntsje bestelle. Dy krijst tenei yn in beker dêr’t staasjejild op sit. Kinst ‘m ynleverje foar nije munten, wêrnei’t de beker op ‘e nij brûkt wurdt. No worries; hy wurdt earst fansels goed skjinmakke.
     
  • It wetter dat brûkt wurdt foar it skjinmeitsjen fan de bekers, brûkst dêrnei foar it trochspielen fan dyn wc. Dêrnei wurdt it net wer brûkt foar de bekers, belooft de organisaasje ;)
     
  • Sin yn wat iten? Alle iten krijst presintearre yn bio-ôfbrekbere bakjes of boarden en mei bio-ôfbrekber bestek. Priuwst der neat fan hear.
     
  • Artysten en crew wurde snein traktearre op in folslein fegetarysk miel, wêrmei’t oardel miljoen liter wetter besparre wurdt.
     
  • Alle stroom dy’t dit wykein brûkt wurdt foar it festival komt fan aggregaten dy’t 100% op biobrânstof draaie.
     
  • Hielendal ôffalfrij is it dizze edysje noch net. Mar al it ôffal dat dit wykein fersammele wurdt, giet net nei de ferbrâningsoven, mar nei Ecopark De Wierde op It Hearrenfean, dêr’t it sortearre en recycle wurdt.

Meitsje der in moai feestje fan!

(advertinsje)