Roerig jaar voor Friesland Campina

It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort © ANP
Suvelkonsern Friesland Campina hat ferline jier in winst fan 362 miljoen euro makke. Dat is 5,5 persint mear as yn it jier derfoar. De omset fan it bedriuw sakke nei 11 miljard en dat wie in delgong fan rûchwei 2 persint. It oanbod fan molke naam ferline jier mei 7,1 persint ta nei sawat 11 miljard liter.
De priis dy't de boeren krije foar in liter molke is flink sakke. Ferline jier is dik 32 sinten foar in liter molke betelle en dat wie hast sân persint minder as yn 2015. De sifers fan it suvelkonsern binne yn Amersfoort presintearre.