Nieuwbouw voor autobedrijf Jonkman na grote brand

23 jan 2017 - 12:25

Autobedriuw Jonkman út Berltsum komt yn in nij gebou dat twa kear sa grut wurdt as it bedriuwsgebou dat 6 novimber ferline jier folslein útbaarnde. De gemeente Menameradiel hat tastimming jûn foar de bou fan in nij gebou oan de Ofslach 5. By de grutte brân gie net allinnich it gebou ferlern, mar ek twa auto's en ûnderdielen dy't hast net mear te krijen binne. Jonkman joech fuort nei de brân al oan dat hy graach fierder woe mei it bedriuw.

(advertinsje)