Een huis in Fryslân is een parkeerplaats in Amsterdam

De huzeprizen yn Nederlân sitte nei de krisis alwer in skoftke yn 'e lift. Ek wurde der wer mear huzen ferkocht en stean wenningen foar in minder lange tiid te keap. Dochs binne der grutte regionale ferskillen en lizze de prizen fan wenningen bytiden fier útelkoar. Wolsto graach yn Amsterdam wenje? Dat kin, mar dan moast wol ta de bûse komme. Yn Fryslân kinne je faaks foar minder jild in grutter hûs oanskaffe.
Goedkeap parkearje neame se dat. Foar ''slechts'' 50.000 euro bisto eigener fan dizze garaazje yn de haadstêd fan Nederlân! De ynhâld fan de boks krijsto der net by. Leist itselde bedrach yn Ljussens op tafel, dan hasto in frijsteande wente, mei foar- en achtertún. Wy wisten it wol!