"Myn baas wist dat ik in himpplantaazje hie"

25 nov 2016 - 13:28

In 27-jierrige ynkassomeiwurker út Ljouwert moat in boete fan 1000 euro betelje omdat er in himpplantaazje hie. De man wurket by in gerjochtsdoarwaarder. Hy sei dat syn baas op de hichte wie fan de plantaazje.

De man hie 78 planten yn in wenhûs te stean. Dêrmei woe er maklik jild fertsjinje, sei syn advokaat. Oft er njonken de boete ek syn yllegale fertsjinsten werombetelje moat, dat makket de rjochter oer twa wiken bekend.

(advertinsje)