Schippersportret: Johannes Hzn. Meeter

Elf dagen, veertien skûtsjes. Over veertien dagen begint het SKS skûtsjesilen, drie weken lang strijden de diverse skûtsjeschippers tegen elkaar op de Friese meren. Wie wordt de opvolger van Joure? In de aanloop naar de eerste wedstrijd op 30 juli in Grou, leggen we alle skûtsjeschippers van dit seizoen een paar vragen voor. Vandaag het woord aan Johannes Hzn. Meeter.
Vorig jaar eindigde hij als tweede in het klassement. Dit jaar gaat hij voor het kampioenschap, schipper Johannes Meeter uit Langweer. In het dagelijks leven is Johannes  binnenvaartschipper en dus is hij thuis op het water. Skûtsjesschipper is sinds 2009, waarvan de eerste jaren op het Lemster Skûtsje, in 2014 kwam hij bij Langweer aan het roer.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak wie lykas in hiel soad minsken, in koarte perioade yn de roef. Mar nei twa wedstriden mocht ik al moai neist de skipper sitte.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Dat binne der eins trije. In kear mei Ljouwert by Terherne, doe sylden wy yn de tichte mist. Ek moai wie myn earste plak mei De Lemmer yn de baai fan De Lemmer. Mar mei myn alderearste wedstriid mei Langwar sylden wy gelyk nei it earste plak op it wetter by Grou. Dat wie wier in wedstriid neffens it boekje.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Probearje dúdlik te meitsjen dat elkenien krekt sa belangryk is as in oar oan board. Dus wolle wy dat elkenien nei inoar lústert en dat net ien bûten de groep falt. Dus foaral in soad sile sûnder dat der op inoar foetere wurdt as der wol wat fout giet. Dêrneist kreëarje je ek in goed team troch mear mei-inoar te dwaan as allinnich te silen.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“Oant no ta de Middellânske See en dan it Frânske gedielte rjochting Monako. In soad snorkelje en stokbôle ite. En dan nei de tiid lekker yn de sinne mei in fleske Kronenburg bier.”
Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“Tsja, as wy ris kampioen wurde, no dan giet it dak derôf! Haha en dan de ferwachting fan dit jier. Yn alle sporten wolst dysels ferbetterje en as wy ús ferbetterje wolle dan moatte wy kampioen wurde. En kampioen wurde is it dreechste fan alles. Dus dit wurdt foar ús in dreech jier. En dêrom geane wy gewoan knallen en geane wy foar it heechst helbere!”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.