Schippersportret Gerhard Pietersma

23 jul 2016 - 07:25

Elf dagen, veertien skûtsjes. Over zeven dagen begint het SKS skûtsjesilen, drie weken lang strijden verschillende skûtsjeschippers tegen elkaar op de Friese meren. Wie wordt de opvolgen van Joure? In de aanloop naar de eerste zeilerij op 30 juli bij Grou, leggen wij alle skûtsjeschippers van die seizoen een paar vragen voor. Vandaag is het woord aan Gerhard Pietersma.

Nog nooit heeft hij een jaar gemist bij het skûtsjesilen. Pietersma (50) is dit jaar vijftig jaar betrokken bij het skûtsjesilen. Eerst vanaf de kant, later bij zijn opa en vader aan boord. Sinds 2004 is hij schipper op het skûtsje van Earnewâld, de ‘Twee Gebroeders’.

Wat was jouw eerste taak op het skûtsje?
“Myn earste echte taak oan board wie pylder, dat wie oan board by myn pake op it skûtsje fan Ljouwert. Fan myn alfde ôf wie ik offisjeel bemanningslid, dat wie fansels prachtich. Dêrfoar gie ik wolris mei of seach ik nei it skûtsjesilen fan de kant ôf. Mar echt meidwaan jout fansels in hiele oare diminsje oan it skûtsjesilen.”

Welke wedstrijd is jou het meest bijgebleven?
“Doe’t ik noch bemanningslid wie sylde ik mei op de Sneker Pan mei Douwe Visser as skipper. Yn 1995 sloech ús skûtsje om yn in wedstriid op ‘e Lemmer. Dochs waarden wy datselde jier ek kampioen en dat wie fansels wol hiel spesjaal. Mar as skipper haw ik ek wol in hiel moai momint meimakke. Ferline jier wûnen wy de wedstriid by Earnewâld. En in oerwinning foar eigen publyk is dochs wol it moaiste dat der is.”

Hoe maak je van de bemanning een team?
“Troch in soad mei syn allen te arbeidzjen. Yn de winter traine wy mei-inoar yn de seal mar wannear’t it waar it talit, rûn ein febrewaris/ begjin maart, stappe wy op it skûtsje. Mar wy meitsje ek tiid foar oare dingen. Dizze winter hat elk bemanningslid sels in training fersoarge. Elk hat wol in eigen sport of passy en dat hawwe wy mei syn allen dien yn dy training. It makket je as team better.”

Wat is jouw favoriete vakantiebestemming?
“Fryslân hat alles. Myn fakânsje is it skûtsjesilen mar ik fyn Fryslân, de Fryske marren mar ek oare stikken fan Fryslân altyd prachtich. It ferhaal efter guon plakken is hartstikke moai, dat giet dan yn my om wannear’t ik der bygelyks del fyts.”

Vul aan: als wij kampioen worden, dan...
“geane wy hielendal út ús dak! Wêr’t wy foar geane? Wy moatte gewoan goed sile, dan komt it resultaat fansels. Mar wy geane derfoar, sa heart it ek. Oars hoege je der net iens oan te begjinnen.”

Kijk voor alle schippersportretten in ons dossier en alles over het skûtsjesilen is te volgen op de Simmer yn Fryslân-side.

Deel dit bericht op:
(advertinsje)