Gurbe Douwstra en de 2000ste Radio Froskepôle

15 jun 2016 - 17:13

Een speciaal jubileum voor Radio Froskepôle. Het streektaalmuziekprogramma wordt volgende week disndag voor de 2000ste keer uitgezonden. Dat wordt gevierd met een twee uur durende live-uitzending op radio, televisie en internet. Met livemuziek natuurlijk. Wij leggen presentator Gurbe Douwstra vier vragen voor.

Welke uitzending van Froskepôle is jou het meest bijgebleven?
"Dat is sûnder mis de útstjoering fan de 1500ste Radio Froskepôle, yn 2014. Dat programma waard mei-presintearre troch myn streektaal-kollega’s Henk Scholte fan RTV Noord en Bert Kamping fan RTV Drenthe. Beide binne, lykas ik njonken radiomakker ek útfierend artyst, streektaalsjongers. Wy hawwe alle trije ek efkes sels optreden yn dat programma. En hiel bysûnder wie dat dy ôflevering tagelyk live útstjoerd waard op alle trije noardlike regionale omroppen. Dat wie noch nea earder bard."

Wat is er gedurende de jaren veranderd?
"Yn it foarste plak fansels dat it programma sûnt goed fiif jier fan ien kear yn de wike nei fiif kear yn ‘e wike gien is. Yn it begjin wie it mear in programma oer muzyk út Fryslân en net allinnich mar streektaal. Omdat de net-Fryske muzyk fan Fryske artysten wol genôch draaid waard yn de oare programma’s op Omrop Fryslân radio, bin ik op in gegeven stuit úteinset mei it draaien fan allinnich noch mar streektaal en dan út mear as allinnich út eigen provinsje."

Waar komt de naam Radio Froskepôle eigenlijk vandaan?
"De Froskepôle is in natuergebiet, hjir flakby de studio’s fan Omrop Fryslân, achter op it yndustryterrein de Hemrik. Doe’t de omrop yn de simmer fan 1999 nei dizze lokaasje oan de Suderkrúswei ferhuze en in pear moanne letter myn streektaalprogramma begûn, sochten wy in namme. Iet van der Tol, ien fan myn kollega’s fan doe, kaam mei dizze suggestje en ik fûn it goed passen by it programma sa’t my dat foar eagen stie."

Welke artiest zou je nog wel eens in de uitzending willen hebben en waarom?
"Wa’t ik noch nea hân ha en dochs, as fertsjintwurdiger fan de streektaalmuzyk graach ris hawwe wolle soe is Daniël Lohues. Ik ha grutte bewûndering foar syn wurk. Hy skriuwt en sjongt moaie lietsjes en syn teater-lietsjesprogramma binne fan hege kwaliteit."

Bij de speciale uitzending van Radio Froskepôle op 21 junit zijn fans van het eerste uur aanwezig om het jubileum mee te vieren. Gurbe ontvangt drie muzikale trio's: Otto Groote Ensemble uit Duitsland, Harry Niehof trio uit Groningen en Piter Wilkens met Libbene Stiennen uit Fryslân. De uitzending begint om 18.00 uur en is te volgen op radio, televisie en internet.

Deel dit bericht op:
(advertinsje)