Beleanning tip stellen bus

09 apr 2014 - 16:09

Ynstallateur Sint Brouwer fan ynstallaasjebedriuw THSB fan It Hearrenfean jout een beleanning fan 1000 euro oan dyjinge dy't ynformaasje hat oer syn stellen bus mei ark. De bus mei dêryn foar 20.000 euro oan ark stie foar syn hûs oan de Herenwal. Moandeitemoarn die bliken dat de bus stellen wie. Brouwen is swier dupearre, want sûnder bus en ark kin hy syn wurk net dwaan.

Fia de sosjale media besiket hy ynformaasje te krijen. Hy hopet dat de beleanning helpt om minsken oer de streek te heljen om ynformaasje te jaan.

De bus fan Brouwer wie net de iennige bus dy't stellen waard, yn it wykein waarden noch twa VW-transporters stellen. Dy stiene op de Burggraaf en de Willem Lodewijkleane. De stellerij hat west tusken sneontejûn en moandeitemoarn.

Trefwoorden: 
VW Transporter
Deel dit bericht op:
(advertinsje)