Omrop Fryslân en it Noordelijk Film Festival

    Omrop Fryslân is folop belutsen by it Noordelijk Film Festival fan 6 oant en mei 10 novimber yn Ljouwert. Fryslân DOK presintearret twa nije films op it festival, twa oare Fryslân DOK dokumintêres binne nominearre foar in Noorderkroon Award en boppedat is Omrop Fryslân mediapartner.

     

    Fryslân DOK Premjêres

      Fryslân DOK, de dokumintêre tak fan Omrop Fryslân, lit mar leafst twa films yn premjêre gean op it Noordelijk Film Festival.

      Hert & Siel - en de keunst fan it motorûnderhâld

      In film fan Bart Kingma en Jan Bensliman

      Premjêre op it filmfestival: freed 8 novimber om 14.15 oere

      De film 'Hert & Siel (en de keunst fan it motorûnderhâld)' folget de bou fan 'de Fryske motor'. Dat keunstwurk, de replika fan in maishakselder, stiet yntusken yn it Fries Museum. Under lieding fan keunstner Éric van Hove meitsje ambachtslju de ferskate ûnderdielen, fan porslein, glês, hout, koper ensfh. Van Hove wol mei syn wurk de wearde fan it ambacht toane. De ambachtsman makket produkten mei hert en siel, mei each foar syn materiaal, foar de oarsprong fan syn fak, foar it ferantwurde omgean mei boarnen. It binne dy ferbiningen, mei de histoarje, mei de omjouwing, dy't de moderne westerske minske sûnt de yndustrialisaasje ferbrutsen hat.

      Yn de Fryslân DOK 'Hert & Siel' sjochst de motor groeien. Earst yn it atelier fan Van Hove yn Marrakesh, mei glêsblazers yn Sweden, in biensnijer fan Bali, keramyk en smeierij út Ljouwert, houtsnijwurk út De Knipe, skilderwurk fan Noardburgum, Hylper skilderwurk en Harnzer tegelwurk.

      Ek te sjen yn 3 dielen op NPO2 (mei Nederlânsktalige ûndertiteling) op 23 novimber, 30 novimber en 7 desimber om 15.30 oere en op en Omrop Fryslân op 24 november, 1 desimber en 8 desimber om 17.00 oere (werhelling alle oeren).

      Dizze film is mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, mei help fan it Fries Museum 

      As myn filmhert in kompas wie - 40 jier Noordelijk Film Festival

      In film fan Annet Huisman

      Premjêre op it filmfestival: freed 8 novimber om 18.15 oere en dizze film is op it festival noch in oantal kearen te sjen.

      It Noordelijk Film festival belibbet dit jier syn 40e edysje. Programmeur Fredau Buwalda is op it filmfestival yn it Noarske Haugesund, om foar Ljouwert de bêste noardlike films te finen. It jubilearjende festival hat de lêste jierren ommers keazen foar in noardske fokus. Skandinavië blykt hiel suksesfol yn it ûntwikkeljen en 'vermarkten' fan har eigen sinema. Kin it noarden fan Nederlân dêr wat fan leare? Mar foaral: wêryn ûnderskiedt dy noardlike sinema him? Bestiet der überhaupt in definysje? Sprekke dizze films spesifyk noarderlingen oan, of net? Fragen dy't sels foar de filmmakkers yn Haugesund noch net sa maklik te beäntwurdzjen binne. Adwin de Kluyver, skriuwer fan 'Het gedroomde noorden' en programmeur fan it noardlikste filmhûs yn Nederlân (Podium Vlieland), bûcht him deroer. Yn Fryslân litte filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra harren ljocht skine oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

      Ek te sjen op NPO2 op 9 novimber om 15.30 oere (mei Nederlânsktalige ûndertiteling) en op Omrop Fryslân op 10 novimber om 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

      Noorderkroon nominaasjes

        Twa Fryslân DOK dokumintêres fan Omrop Fryslân meitsje kâns op in Noorderkroon awards. De awards foar ferskate films en ûnderwerpen oer en fan makkers út Fryslân, Grinslân en Drinte wurde yn de wike fan it Noordelijk Film Festival bekend makke. De twa Fryslân DOK films binne nominearre yn de kategory 'Bêste koarte dokumintêre'.

        In ûnwennich jier

          In film fan Albert Jensma

          Te sjen op it Noordelijk Film Festival: 9 novimber, 10.30 oere

          Wa ken it byld net: de timpel op de dyk by Ferwert fan Ids Willemsma. Yn de 25 jier dat it dêr "als een vlieg op een gespierde arm" (Gunnar Daan) stiet, is it útgroeid ta in belangryk byldmerk fan Fryslân. In IKOAN. Ids is in bekende keunstner yn Fryslân en syn wurk is oars en eigenwiis. Gelokkich mar.

          En dan is der samar ynienen in hiel soad oandacht en belangstelling foar him en syn wurk.
          Hy sjocht der suver fan op. Der komt in eksposysje fan syn nea earder fertoande wurk yn Obe. De dykstimpel komt yn de stegers en wurdt restaurearre. Der binne lêzingen, muzyk/poëzy, en in gesellige busreis op in moaie snein. Want: de keunstner hat syn jierdei en wurdt santich dit jier. Alle reden foar in tefreden gefoel en in grut feest soene jo sizze. Mar nee ... der binne oare dingen dy't him pleagje.

          Moard en lulkoek yn 'e Wâlden - Notysjes fan in azc-direkteur

            In film fan Annet Huisman

            Te sjen op it Noordelijk Film Festival: 9 novimber, 10.30 oere

            Yn de tiid fan de moard op Marianne Vaatstra wie Nettie Groeneveld direkteur fan it azc yn Kollum. Tretjin jier lang libbe yn de omkriten de gedachte dat de dieder in asylsiker wie. It azc waard yn it earste jier nei de moard bedrige en swier befeilige. Yn dizze Fryslân DOK wurdt tweintich jier nei de moard weromsjoen oan de hân fan it argyf en in logboek fan de yn oktober 2018 ferstoarne Nettie Groeneveld.

            "Het is een waar verhaal. Andere mensen die betrokken waren bij deze geschiedenis, zullen een ander verhaal hebben. Ik heb willen proberen uit te drukken dat er niet één werkelijkheid bestaat, maar vele." - Nettie Groeneveld

            Annet Huisman wûn ferline jier de award foar 'Bêste dokumintêre' foar De Joadske Brulloft, in film oer de flecht fan it Ljouwerter pear Mimi Dwinger en Barend Boers foar de Dútske ferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch. It ferhaal dêr't de bern fan it pear harren flechtrûte yn folgje, is ek bewurke ta in dokumintêre-rige fan fjouwer dielen dy't op Omrop Fryslân en NPO2 útstjoerd is. 

            (advertinsje)