Nestcam: folgje live de perikelen tusken de see-earn en de hauk

Foto: Sander de Vries - It Fryske Gea

De webcams binne fan snein 17 febrewaris ôf hjir te sjen yn gearwurking mei It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland.

Hauk en see-earn-cam

Prooifretplak-cam

 

Update 19 febrewaris

Der binne twa havikken sjoen en sa binne drok dwaande om in nêst te meitsjen. It liket derop dat it om itselde paarke giet as ferline jier. Mar, net te rap juiche, want neat is noch wis. 

It wie ferline jier in hiele striid tusken twa rôffûgels. In see-earn en in hauk fjochten om itselde nêst yn Nasjonaal Park de Alde Feannen. Komt it dit jier wer ta striid? Dat is te folgjen op de nestcam.

Natuerorganisaasjes It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland ha ek dit jier wer in webcam pleatst by it nêst en dat soarget hooplik wer foar unike bylden. Nij dit jier is dat der ek in camera stiet by it plukplak fan de hauk, dêr't de hauk it iten klearmakket foar de jongen.

De livestreams binne op dizze side te folgjen. Yn it radioprogramma De middei fan Fryslân hâldt Jan de Boer fan It Fryske Gea ús op de hichte fan wat der allegear bard.

Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze en oare natuerwebcams op de websiden fan It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland. Dêr binne ûnder oaren blogs en fideoklips te sjen.

(advertinsje)