Muzykrubryk

  • In kompilaasje fan de earste 6 covers
(advertinsje)

    Yn de muzykrubryk fan Omrop Fryslân daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreearje en in oare blik op Fryske nûmers.

    Grytz en Grize coverje As it jo wil is

    • Grytz en Grize coverje As it jo wil is
    • Gerrit Breteler oer de cover

    Gerrit Breteler hat yn 2009 it nûmer 'If it be your will' fan Leonard Cohen covere. Dit wie yn it ramt fan it projekt 'Cohen yn it Frysk'. It nûmer stiet al jierren yn de Fryske Top 100. "Ik ha wol besocht om it nûmer wat mear Frysk te meitsjen. Net allinnich mei de taal, mar ek mei de metafoaren." As foarbyld fertelt er dat Cohen it hat oer bergen yn syn nûmer. "Wy ha yn Fryslân gjin bergen. Dus dêrom ha ik der fan makke: As it jo hân is, de wiisheid no, fan 't fertoarke strân is, dan sjonge ik foar jo. Op dizze wize hoop ik dat it nûmer tichterby de Friezen komt."

    Janneke Brakels har ferzje fan 'De âlde boekebeam'

    • Janneke Brakels sjongt har ferzje fan 'De âlde boekebeam'
    • Janneke Brakels makket in cover fan 'De âlde boekebeam'

    De âlde boekebeam is skreaun yn 1997 troch Sytse Haima fan Pigmeat. "De oanlieding wie eins hiel simpel. Prinses Irene wie yn dy tiid in soad yn it nijs oer har leauwe yn 'New Age', in astrologyske beweging", seit Sytse. Hij fûn dat mar apart en dêr koe wol wat Fryske nuchterheid oerhinne. It nûmer is troch de jierren oppikt en stiet no op nûmer 38 yn de Fryske Top 100.

    Jelle B. coveret Frysk Hynder fan Griet Wiersma

    • Jelle B. sjongt 'Frysk hynder' fan Griet Wiersma
    • It petear oer 'Frysk hynder'

    It is hast tweintich jier lyn dat Griet Wiersma it nûmer Frysk Hynder skreau. Se hie noch in âlde orkestbân mei in melody dy't hieltyd wer yn har op kaam. "Ik fûn it sa moai en tocht, hjir moat ik wat mei! Doe kaam myn sweager ris op de kofje en hie ik it der mei him oer. Hy hie in Fryske hynder en sei dat der gjin goed liet wie oer Fryske hynders. Myn sweager begûn oer de hynders te fertellen en sa ha ik, mei de âlde orkestbân derby, de tekst skreaun." En dat wie eins it begjin fan Griet har karriêre. "Dit nûmer wie myn trochbraak, dat is wol hiel bysûnder."

    Frerik de Swetser covert Libben nei de leafde fan Vangrail

    • Frerik de Swetser coveret 'Libben nei de leafde'
    • cover Libben nei de leafde

    Libben nei de leafde is yn 2011 skreaun troch Raynaud Ritsma.

    Jack Bottleneck coveret Wêr bisto fan Twarres

    • De muzykrubryk mei Twarres en Jack Bottleneck

    It is it ienigste Fryske ferske ea dat op nûmer ien stie yn de Nederlânske Top 40. Dan ha we it fansels oer Wêr Bisto fan Twarres. No, 18 jier neidat it ferske skreaun waard, is it covere troch Jack Bottleneck.

    Mosken coveret Soan fan Adri de Boer

    • De muzykrubryk mei Adri de Boer

    It nûmer 'Soan' is bekend wurden troch it Fryske songfestival Liet yn 1998. Nei acht kear slagge it Adri de Boer einlik om it te winnen. Giny Bastiaans hat it nûmer skreaun nei oanlieding fan de moard op Meindert Tjoelker yn septimber 1997. 

    Elske DeWall coveret It woanskip fan Anneke Douma

    • De muzykrubryk mei Elske DeWall

    Ut Woanskip is yn 1947 skreaun troch Ljouwerter Anne van der Mark. It nûmer is fierút it bekendste nûmer fan Anneke Douma.

    Syb van der Ploeg coveret It paad werom fan Piter Wilkens

    • De muzykrubryk mei Syb van der Ploeg

    'It paad werom' is skreaun troch Piter Wilkens yn 1999. Hy is frege om dit te dwaan nei oanlieding fan de âldjiersbetinking by him yn it doarp Marsum. It nûmer giet oer Marsum mar is hiel herkenber foar alle doarpen yn Fryslân.

    Iris Kroes coveret Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra

    • De muzykrubryk mei Iris Kroes

    Gurbe Douwstra hat Cliffs of Moher skreaun nei oanlieding fan syn reis nei Ierlân. Yn maaie 1996 wie er yn in Bed & Breakfast wêr't de eigneresse in bysûnder ferhaal oan him fertelde.

    De Hûnekop coveret Buske fan de baas fan GeDoBr

    • De muzykrubryk mei De Hûnekop
    (advertinsje)