Stjoer 'Jo momint’ yn en win dit bakje!

In échte Fries heart fansels brea te iten út it iennige echte Hea! brea bakje fan Omrop Fryslân. Mar hoe soargest datsto dat bakje yn hannen krijst? Oan de ein fan it programma Hea! sit altyd it ûnderdiel 'Samar in momint', in moai momint út ús provinsje. Troch sels in momint yn te stjoeren makkest kâns op in bakje. Wurdt dyn momint útkeazen foar de útstjoering? Dan is it bakje foar dy! 

It programma Hea! makket reportaazjes oer gewoane minsken mei bysûndere ferhalen. Fêst ûnderdiel fan it programma is ‘samar in momint’. Oant no ta stjoerde Hea! syn kameraminsken de provinsje yn om moaie mominten op te nimmen. Mar no kinne jo dat momint ek bepale!

(advertinsje)

Hoe wurket dat dan?


    • Filmje in momint dat moai is, dat jo rekket.
    • It byld moat minstens 40 sekonden stilhâlden wurde
    • Hâld jo telefoan lizzend (net fertikaal filmje!)
    • It moat in filmke wêze fan in net-regissearre momint dat yn ien kear opnommen is
    • Stjoer dit filmke yn in privee berjocht nei Facebook.com/omropfryslan
    • Set yn it berjocht jo namme en wêr’t it filme is
    • Tip!: brûk in wifi-ferbining. Dat besparret mobile data

    Filmje NET fertikaal mar WOL horizontaal

    (advertinsje)