Jan Dirk de Haan
Oer as hy in dei de baas fan Fryslân wie
Hjir haw ik ek lang oer nei tocht, mar ien dei is eins te koart om wat te feroarjen. Dat sjochst fansels yn ús wurk wol, ek mei politike prosessen yn it nijs, dat dingen in protte tiid kostje om te feroarjen. Foardat der echt wat feroare is giet der in hiel skoft oerhinne. Dus hurd efkes wat oanpasse hat gjin inkelde sin. Want as der gjin draachflak is by de minsken dy’t it oanbelanget dan bart der neat. Dus in dei de baas fan Fryslân wêze, it klinkt aardich, mar do sjitst der neat mei op.
Oer syn Omrop-momint?
Der binne sa folle moaie Omrop-mominten, dat is echt myn langste list. Ferkiezingen en ferkiezingsdagen fyn ik altyd hiel aardich. Ek koartlyn mei de izel en mei snie binne it fansels hiele bysûndere útstjoeringen. Dan fernimst ek echt dat minsken dan fan de Omrop hâlde. De earste útstjoering Fryske top 1000 fûn ik hiel bysûnder. We wiene doe in wike lang dei en nacht op ‘e radio en telefyzje. Dus echt midden yn de nacht, om 4.00 oere nacht leau ik, haw ik noch in programma mei Onno Falkena makke. Dat binne fan dy útstjoeringen dat der fierder net ien wekker is dus dan tinkst echt ‘’wa soe der no lústerje’’ mar doe hawwe wy noch mei minsken út Australië en Nij Seelân belle, want dy wiene al wekker fansels.
Oer syn favorite webside
Favorite websiden dan soene je sizze dat je dêr in hiel soad op sjogge dus dat soe omropfryslan.nl wêze. Mar dat is fansels wurkrelatearre. Mar Radio.nl is foar my wol in webside dêr’t ik yn myn frije tiid mar ek foar it wurk in soad op sjoch. Ik hâld graach by wat oare radiostasjons dogge en de ûntwikkelingen yn de radiowrâld en de radiosifers en dat soarte dingen.
Oer in libbenles
Wês kritysk, bygelyks oer berjochtjouwing yn de media. Wy meitsje hjir by de Omrop fansels in hiel soad berjochten en reportaazjes en dan witst hiel goed hoe’t it ta stân komt. Mar ek hoe’t minsken yn it nijs komme en watfoar belang minsken derby hawwe om yn it nijs te wêzen en de manier wêrop’t sy yn it nijs komme. As makker sitte je dêr hiel ticht by, mar ik tink dat it as harker of sjogger hiel goed is om je ôf te freegjen ‘’wêrom hear ik dit no?’’ Lang net elkenien ferdjippet him dêr yn of hat de tiid om dêr oer nei te tinken.