Meldpunt leararetekoart

Dat it leararetekoart problemen opsmyt is no wol bekend. Omrop Fryslân wol graach witte wat de omfang is fan dy problemen. Dêrom hat de Omrop mei oare regionale omroppen in meldpunt oprjochte, sadat belutsenen melde kinne wannear't it leararetekoart harren rekket. It giet om it tekoart op basisskoallen. 

Wy wolle elkenien dy't de gefolgen fan it leararetekoart yn it basisûnderwiis ûnderfynt, freegje melding te dwaan op dit meldpunt. Folje dêrop yn om hokker skoalle it giet, oft de klasse nei hûs ta stjoerd is, oft der in ferfangende learkrêft foar de klasse stiet (al dan net mei foech) en oft de learlingen ferdield wurde oer oare klassen.

Op dizze wize hopet Omrop Fryslân it probleem better yn kaart bringe te kinnen.

(advertinsje)