Wike fan de mantelsoarch: freegje om help

Boadskippen dwaan foar de buorfrou of dyn deminte partner fersoargje. Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing. Troch de fergrizing en de besunigingen yn de soarch is mantelsoarch hieltyd mear nedich. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers der net om te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Want do hoechst der net allinnich foar te stean!

De mantelsoarchwenning

In mantelsoarchwenning is in lytse wenning dy't in mantelsoarger op it hiem delsette kin sadat de helpfreger tichtby is. Jellie Andringa (83) wennet yn sa'n mantelsoarchwenning op it hiem fan har beppesizzer.

 

Ineke is 'meitinker' en helpt mantelsoargers mei ferskate fragen

Yn Fryslân is regelhelp foar mantelsoargers yn allegear foarmen. Hoe regelje ik in hûshâldlike help foar myn heit? Watfoar soarch falt binnen en bûten it sikefûns? En wêr kin ik telâne foar aktiviteiten sadat myn mem net iensum wurdt? It binne fragen wêr't dizze minsken mei helpe kinne, dochs meitsje lang net alle mantelsoargers hjir gebrûk fan. Ineke Jonker fan de gemeente Hearrenfean komt by in soad thús by minsken om te sjen wêr't se ferlet fan ha. Sa ek by mantelsoarger Ellie Bergsma.

 

Riemke Dijkstra út Nyegea is al 12 jier frijwilliger foar de Vrijwillige Palliatieve Terminale Zorg

Oerdei of midden yn de nacht: se binne der foar dy. Mear as 400 Friezen sette harren kear op kear yn as frijwillich palliative terminale mantelsoargers. Se helpe stjerrende minsken troch it lêste stikje hinne en fange de famylje op yn de swierste perioades fan it libben.

 

Corné soarget foar syn heit

Corné Struikmans út Dokkum is 19 jier. Hy giet nei skoalle, hat freonen, mar ek in wichtige taak thús. Corné is mantelsoarger foar syn heit, dy't in progressive spiersykte hat. Bysûnder, mar Corné sels fynt it eins hiel gewoan. Fan syn 10e ôf helpt hy heit en mem. Wylst hy yntusken ek wit dat hy sels ek drager fan de sykte is. We giene by Corné en syn âlders op besite.

 

Saar aan Huis

Sûnder de help fan Marjon Haanstra kin David Buurma (92) net mear thús wenje.

(advertinsje)

Mear nijs oer Wike fan de mantelsoarch: freegje om help