Omrop-lintsje

Omrop Fryslân dielt tiisdei 25 april Omrop-lintsjes út. Dy binne foar minsken fan wa't harkers fine dat sy om wat foar reden dan ek in ûnderskieding fertsjinje. De redaksje krige tsientallen reaksjes út de hiele provinsjes wei mei de moaiste ferhalen. De redaksje hat dêr in kar útmakke. Us ferslachjouwers binne de hiele dei op 'en paad om de Omrop-lintsjes op te spjeldzjen.

De Omrop-lintsjerein is tiisdei de hiele dei te folgjen fia de radio. De hiele list mei Omrop-lintsjes en de efterlizzende ferhalen binne hjirûnder te finen.

(advertinsje)

Marry v.d. Galien-Hoekstra

"Se jout harsels noch ris fuort", sa skreau de famylje Bijlstra dy't in Omrop-lintsje oanfrege hat foar Marry v.d. Galien-Hoekstra. De folle fertsjinsten dy't sy dien hat, binne net yn it koart te beskriuwen. Sy is aktyf foar oaren, makket blomstikjes, ferkeapet foar goede doelen, stiet altyd foar elkenien klear en is sels mantelsoarcher. "In frou my in grut hert", en dêrom fertsjinnet sy it lêste Omrop-lintsje fan de dei.

Gerda en Gerd Honkoop

"Diel útmeitsje fan de mienskip, sa ferruilen sy Dordrecht yn foar Easterbierrum en it is tige slagge", sa skreau Johannes Wolbers. Hy frege in Omrop-lintsje oan foar Gerd en Gerda Honkoop, dy't no omtrint sân jier yn Easterbierrum wenje. Gerd en Gerda Honkoop binne sa stadichoan aardich ynboargere en sette harren yn foar it doarp. Gerda is aktyf by de toanielferiening en is frijwilliger yn it doarpshûs, dêr't sy skjinmakket, kofje skinkt, en helpt yn de keuken. Gerd is ek frijwilliger yn it doarpshûs, docht timmer- en reperaasjewurk foar de skoalle en is frijwilliger yn de Kleastertún. Keatsen hienen sy noch nea fan heard foar't se nei Fryslân kamen, mar ek op 'e keatsfjilden binne sy faak te finen. Se helpe mei de catering, sykje ballen út 'e feart of helpe mei it fjildlizzen. Johannes Wolbers skriuwt: "Wy binne yn Easterbierrum bliid mei harren en fine dat se wol in lintsje fertsjinne hawwe", en dat ha se krigen. Fan 'e middei waarden se live op telefyzje ferrast yn Doarpshûs It Mienskar.

Anneke Zijlstra

Willie Winius frege een Omrop-lintsje oan foar Anneke Zijlstra út Oerterp. Al mear as tritich jier docht se frijwillich flechtlingewurk yn Burgum. Se docht de koördinaasje fan de frijwilligers dêr yn it azc, mar ek yn Oerterp begeliedt sy flechtlingen. Fierder is sy aktyf by it kuorbal, tsjerke, hat se har jierren ynset foar Amnesty International en wol se no de kollekte fan de MLD stichting koördinearje. Fan 'e middei waard sy thús ferrast mei in Omrop-lintsje en in oarkonde.

Fokke Koster

Fokke Koster fertsjinnet in lintsje neffens syn frou Annet Koster-Felkers. Sûnt dit jier is Fokke Koster ophâlden mei syn frijwilligerswurk by it fakbûn FNV. Dit hat er mear as tritich jier dien. Fjouwer jûnen yn 'e wike siet hy op kantoar foar de boufakkers dy't oerdeis oan it wurk wiene, om harren klachten út te wurkjen en papierwurk klear te meitsjen. Syn frou is fan betinken dat Fokke nei al dy jierren wol wurdearring fertsjinne hat en dy krige er hjoed yn de foarm fan it Omrop-lintsje en in oarkonde.

Janke en Wabe Roskam

Op 82-jierrige leeftiid is Janke Roskam noch altyd yn 't spier: boadskippen dwaan om sa it beurtfeartskip fan Drylts te befoarriedzjen. Net in maklike taak omdat de boat in soad lytse trepkes hat. Dochs sleept se de kratten bier en flessen frisdrinken sa oan board. Har man Wabe is har persoanlike sjauffeur en giet altyd mei te boadskipjen. Harren soan Atte Roskam fûn dat se wol in lintsje fertsjinnen, omdat se beiden noch lang net tinke oan ophâlden mei it frijwilligerswurk. Beiden krigen sy hjoed een Omrop-lintsje mei oarkonde.

Aukje Smit-van der Brug

Foar it tredde lintsje gongen we nei De Lemmer ta, dêr't Aukje Smit-van der Brug út Aldegea (DFM) troch har freondinnen Thea Stoffelsma, Tryntsje Stoffelsma en Minke de Vries hinne lokke waard. Aukje Smit wie 17 jier doarpsboade fan Aldegea en Kolderwâlde, al 25 jier docht sy de redaksje fan de doarpskrante en op dit stuit skriuwt se in iepenloftspul. Se is ek noch aktyf foar de fuotbalklup, tsjerke en fersoarget de earrebarren by berte-akten. "Altyd foar in oar drok en harsels weisiferje, dêrom fertsjinnet sy it om foar al dit frijwilligerswurk eare te wurden mei in Omrop-lintsje", sa skreaunen har freondinnen.

Jan Strikwerda

Jan Strikwerda fan Easterein fertsjinne it twadde lintsje hjoed. Syn dochter Tettje de Boer hie it lintsje foar him oanfrege. Jan Strikwerda wurdt dit jier 80 jier âld en is noch altyd aktyf yn it doarp. Sa skreau Tettje: "Hy jout elke moandeitemoarn, al jierren, byles rekkenjen oan de bern op 'e skoalle yn Easterein." Dêrneist jout hy ek noch skilderkursus. Hy fertsjinnet in lintsje en dat waard him fan'e moarn thús opspjelde.

Gerrit van der Leeuw

Neffens Margreeth Hofstee, Tine Huisman en Fonny Postma fertsjinnet Gerrit van der Leeuw út Tersoal in Omrop-lintsje. "Oeral dêr't wy komme by in aktiviteit treffe wy him", sa skreaunen sy yn de oanfraach. Gerrit van der Leeuw set him al jierren yn foar ferskate doarpen. Fan frijwilliger op it festival Aaipop oant it bestellen, regeljen en opheljen fan de krânsen foar it keatsen.Fierder is Gerrit noch frijwilliger by de Slachtemaraton, de fytsalvestêdetocht, it preamkeskowen, de doarpsfeesten en it doarpshûs de Tuolle. Gerrit is ek op it kuorbalfjild te finen om te skiedsrjochterjen en by de nijjiersdûk yn Tersoal as presintator. Fan 'e moarn betiid waard hy ferrast op it wurk yn Snits.

(advertinsje)