Lennie rint staazje

    Foar in soad minsken is it eins net dúdlik wat de provinsje docht. Der is ek net folle streekrjochte kommunikaasje tusken provinsje en boarger. Dêrom rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld in wike lang staazje by de provinsje.

    Op ynspeksje mei Nautyske Saken

    De measte minsken tinken by it wurd amtner oan ien dy't altyd op kantoar sit en fan 9 oant 5 wurket. Foar Hilda Dolstra is dat hielendal net sa. Sy wurket by de ôfdieling Nautyske Saken fan de provinsje. Dy binne behearders fan en tafersjochhâlders fan de farwegen yn Fryslân. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld mocht in dei mei op ynspeksje, it wetter op.

    It fjild yn

    Njonken Steateleden, deputearren en de kommissaris fan de Kening wurkje der fansels ek noch in hiel soad amtners by de provinsje. Sy stypje Deputearre Steaten. Foar it grutste part fan de amtners betsjut dat kantoarwurk. Mar guon geane ek it fjild yn, of wurkje eins allinne mar bûtendoar.

    Jetze Genee is projektlieder agrarysk natuerbehear. Tachtich prosint fan de tiid sit hy op kantoar, mar hy giet ek wol it fjild yn en Lennie Bronsveld mocht mei.

    Meirinne mei deputearre Sietske Poepjes

    Steateleden hawwe trije wichtige taken. Se meie har stim útbringe op de minsken dy't yn de Earste Keamer komme. En ek kieze se wa't yn it kolleezje fan Deputearre Steate komme. Op dit stuit hat Fryslân fiif deputearren. Sy meitsje plannen en binne ferantwurdlik foar de útfiering dêrfan. Oan de Steateleden de taak om de deputearren te kontrolearjen. Sietske Poepjes is ien fan dy fiif deputearren en Lennie rint in dei mei har mei.

    Meirinne mei Rinie van der Zanden

    Lennie rint in dei mei mei steatelid Rinie van der Zanden, listlûker fan de Partij voor de Dieren.

    Wat docht de provinsje en wêr stimst eins op?

    Wat docht de provinsje en wêr stimst eins op? Lennie leit it út.

    (advertinsje)