Lân fan taal

Friezen om utens

Wannear ferlangest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Ien fraach stiet sintraal: op watfoar momint ferlangest it meast nei thús?

Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.

(advertinsje)

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt fan 31 maart o/m 28 oktober transformearre ta in Taletún. Fol aktiviteiten foar bern, bruorren en suskes, pakes en beppes en fansels de âlden! Der is fan alles te dwaan.

SkoalScrabbleBattle
Omrop Fryslân stiet op 15 sneonen mei de SkoalScrabbleBattle fan Tsjek yn de Taletún om mei bern it spul te spyljen. Bisto de winner fan it spul? Dan krigesto in moaie priis! En wolsto in kear in toanielstik dwaan mei Kening Hert & Harry Hazze? Dan is dit dyn kâns!

Op ûndersteande dagen is Omrop Fryslân oanwêzich yn de Taletún:
31 maart, 28 april, 5 maaie, 26 maaie, 30 juny, 21 july, 28 july, 4 augustus, 11 augustus, 18 augustus, 25 augustus, 1 septimber, 29 septimber, 20 oktober, 27 oktober.

Tsjek myn DNAYn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek is it ôfrûne jier alle wiken it DNA fan in jonge of famke út de klasse Tsjekt. Bysûndere ferhalen wikselje hilaryske ferhalen ôf. Alle filmkes binne yn trije talen te besjen yn Paviljoen Liwadders.

Op & Ut
It radioprogramma Op & Ut komt fan 31 maart ôf alle sneonen tusken 9.00 en 12.00 oere live út Paviljoen MeM wei. Presintator Douwe Heeringa praat mei gasten oer eveneminten, festivals, eksposysjes, konserten, films en noch folle mear aktiviteiten yn Fryslân.

Op & Ut hat alle sneonen omtinken foar alderhande aktiviteiten yn Fryslân. Presintator Douwe Heeringa praat mei gasten oer eveneminten, festivals, eksposysjes, konserten, films en noch folle mear. Boppedat hat Op & Ut fêste rubriken wêryn't Johan de Jong oer de natuer praat, Klaas Piekstra mei tips foar de tún komt en Piet Paulusma minsken bypraat oer it waar fan dat wykein.

Friezen om utens 
Wat docht Karst fan Tytsjerk yn Sina? Werom praat Aafke net mear Frysk mei har bern yn Frankryk? Yn it 'ûnwennigenshúske' yn Paviljoen Liwadders fertelle Friezen om utens wat se dogge, hokker rol taal spilet en foaral op watfoar momint se it meast nei thús langje. De filmkes binne yn trije talen te sjen.

(advertinsje)