Lân fan taal

Dei fan de memmetaal

Op woansdei 21 febrewaris, de ynternasjonale dei fan de memmetaal, docht Omrop Fryslân ûndersyk nei it tal memmetalen dat sprutsen wurdt yn Fryslân. Om it ferskaat oan memmetalen dat yn Fryslân sprutsen wurdt, hearre te litten freegje we jo de sin:
 

"Rinne, sykje wêr't ik hinne sil. Fiele dat ik oerol wol wêze wol. Mar altyd wer thús komme sil"


yn jo eigen memmetaal yn te sprekken op it memmetaal-antwurdapparaat: 058 7009 777. Fia datselde nûmer kinne jo ek tips trochjaan oer hoe't wy yn kontakt komme kinne mei minsken yn Fryslân dy't in bysûndere memmetaal sprekke. Miranda Werkman giet nei se ta om de sin op te nimmen en te praten oer de betsjutting fan de memmetaal.

(advertinsje)

Friezen om utens

Wannear ferlangest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Ien fraach stiet sintraal: op watfoar momint ferlangest it meast nei thús?

Woansdei 21 febrewaris, de dei fan de memmetaal, komt it earste filmke fan Friezen om utens online. Dat filmke is hjir te finen. 

Lân fan taal

(advertinsje)