Nei it grutte sukses fan de Omrop Fryslân Penaltybokaal set Omrop Fryslân troch mei de sport yn Sneon yn Fryslân. Fan sneon 6 febrewaris ôf stiet it kuorbal sintraal. De Strafbalkompetysje, sa ha we it mar neamd. Om it wat dreger te meitsjen, ha we de koer op op sa'n 5 meter ôfstân pleatst yn plak fan 2,5 meter. Der dogge tolve Fryske klups út de tredde klasse mei.
Foar de winner is der in grutte beker te winnen.
Kombinaasje It Fean/Boelensloane
3 fan de 10
Lintjo út Aldeberkeap
2 fan de 10
DTL Hantum
3 út 10.
Spannum
4 út 10.
Flamingo's út Bûtenpos
Maarit hat 2 út 10 makke.
TFS út Drachtster Kompanije
Monique hat 2 út 10 makke.
K.v. Olympia út Twizel
Dineke Venema hat 5 út 10 makke.
K.v. Leeuwarden
Britt hat 6 út 10 makke