Kom fierder

Kom fierder by Omrop Fryslân! Hast se miskien wol sjoen yn ús provinsje, alderhande kwoots út programma's fan Omrop Fryslân. De kâns is grut datst no hiel nijsgjirrich bist nei de eftergrûn en de tsjutting fan de útspraken yn de kampanje. Lês dêrom gau fierder!

➡️ Lês it ferhaal efter de kwoot

Wappie wie foarhinne in gewoane Fryske famkesnamme, ôflaat fan Wapke. Yn dizze coronatiid hat de namme in oare betsjutting krigen. In 'wappie' stiet foar in persoan dy't him ferset tsjin de strange coronaregels. "It komt wol efkes raar oer" seit Wappie van der Meer fan Dokkum.

Mei de Omrop-app bist as earste op 'e hichte fan it lêste nijs út Fryslân. Sjoch hjir om de Omrop-app te downloaden. 

De Fytsalvestêdetocht op pinkerstermoandei yn 2012 wie net inkeld bysûnder omdat it de 100ste edysje wie, it waard foar ferskillende minsken in tocht om noait te ferjitten. Yn it foarste plak foar Wiebe Idsinga fan Frjentsjer, better bekend as 'de lêste fytser'. 

HEA! stiet bekend om de prachtige reportaazjes oer 'hea'gewoane minsken. Hea! is te sjen fan tiisdeis o/m tongersdei om 17.15 oere by Omrop Fryslân. 

Yn de dokumintêre 'Dûnsjend mei syn skaad' seit de wrâldferneamde marionettespiler en teätermakker Feike Boschma op in stuit: 'Jo moatte soms ien tsjinkomme dy't wat fierder is as jo'. Dy sin is programmamakker Piter Tjeerdsma altyd bybleaun. 

Fryslân DOK biedt filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't derta dogge, oer ûnderwerpen dy't spylje yn Fryslân. Fryslân DOK is sneins fan 17.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân. 

Sportferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Andor Faber prate yn de SportCast alle wiken oer allerhanne sportsaken mei in Fryske link of ynfalshoeke. De útspraak 'Er had zich één club gemeld en dat was FC Kruisband' kaam fan fuotballer Jordy van Deelen. De âld-Cambuurspiler hie de iene nei de oare knibbelblessuere. 

Alle moandeis komt der in nije ôflevering fan de SportCast online. 

Alle wiken peilt ferslachjouwer René Koster de stimming oer in aktuele kwestje op de Ljouwerter freedsmerk en lit de stim fan it folk hearre. De útspraak 'Se janke noch krekt net en it is ekskús op ekskús, mar der bart noait wat' sei ien oer it ûndersyk nei de bernetaslach, dat dy wike spile.

René Koster is alle freeds te finen op de freedsmerk, yn No yn Fryslân is syn bydrage te hearren tusken 12.00 en 13.00 oere. 

(Advertinsje)