Yn aksje foar de Fryske readbûnte kij

Boeren moatte gearwurkje om Frysk readbûnte kij te rêden

(advertinsje)

    In stik libjend kultureel erfgoed fan Fryslân driget út te stjerren. Al sûnt de midsiuwen rinne dizze kij yn de Fryske greide, mar no binne der noch mar 340 fan oer. De Stichting Roodbont Fries Vee makket him grutte soargen.

    Dêrom komme de stichting en Omrop Fryslân mei aksjes. Om mear gefoel te kreëarjen foar de kij folget Omrop Fryslân Jeltsje, in readbûnte kealtsje. En Stichting Roodbont Fries Vee wol in beleefsintrum meitsje wêr't minsken dy't hert ha foar it bist by mekoar komme kinne. 

    Mear ynformaasje oer Stichting Behoud Roodbont Friese Vee? Dat kin fia harren webside.

    Jeltsje it kealtsje

    Dit is Jeltsje. Se is op 19 april 2018 berne op de buorkerij fan boer Jaring Brunia yn Raerd. Nei in oprop fan Omrop Fryslân binne der 140 nammen ynstjoerd foar har. Se is doe ferneamd nei Jeltsje Koopsma fan It Hearrenfean. Sy is troch har skoandochter Karin Sloothaak opjûn om’t se hielendal gek is fan Frysk readbûnte kij.

    Fan idee oant beleefsintrum

    Der komt in beleefsintrum foar Fryske readbûnte kij en Omrop Fryslân folget dit proses. It sintrum is ien fan de aksjepunten fan de Stichting Behoud Roodbont Friese Vee. Troch de oprop fan Omrop Fryslân oan it publyk is it idee op tafel kaam.

    Skiednis fan in útstjerrend ras

    De Fryske readbûnte kij hawwe in lange skiednis. Yn de Midsiuwen hie de soart yn Fryslân de oerhân, mar no binne der noch sa'n 340 oer. It bist belibbe gouden jierren, stie sintraal yn in tal famyljetradysjes en is alris fan útstjerren rêden yn de jierren '90. Yn Fryslân Hjoed mear oer de histoari fan dit stikje libjend Frysk erfguod mei Durk Durksz, Jouke Gebrandy en Wytze Visser.

    (advertinsje)