Stormruiter: in meunstermontaazjeklus

Grut oankundige binnen Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. En de útfiering wáárd grut. Ek foar Omrop Fryslân.

Foar de registaasje fan de Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena fan it WTC Expo pleatst, dy’t de foarstelling twa kear opnommen hawwe. It wie foar regisseur Timo Brinkman fan Omrop Fryslân de apoteose fan in plan dêr’t hy wiken oan wurke. “It registrearjen fan dizze foarstelling wie in hiele útdaging. Al by de earste draaiboeken en repetysjes bin ik begûn in plan te meitsjen. Dat plan haw ik ôfmakke op basis fan de earste útfieringen fan de Stormruiter, dy’t ik oandachtich en kear op kear besjoen haw.” Mei de úteinlik 16 opnamebannen waard it in 'meunstermontaazjeklus'. “Mar it binne echt de krinten yn de brij foar my as regisseur. It wie te gek om it sjen te litte kinnen oan de sjogger.”

(advertinsje)