De online wrâld by Omrop Fryslân

De social media kanalen fan Omrop Fryslân groeie en groeie mar troch. Soks bart net fansels, dêr sit in hiel team fan minsken achter dy’t dêr dei yn en dei út mei dwaande is. De twa kopstikken fan dat team binne Lars Hoekstra en Ronald van der Pol.

Lars is foaral ferantwurdlik foar de fideo’s. Ronald hâldt him mear dwaande mei de deistige saken lykas Facebook en Instagram. Ek mei trends binne de mannen alle dagen dwaande. Al hawwe se dêr sels in dúdlik idee oer. Lars: “Wy sjogge net nei trends, wy meitsje se.” In goede ynstelling.

Ynspiraasje helje se ûnder oare út saken dy’t se sels tsjinkomme op social media, al komme de mannen ek op de measte frjemde mominten oan ynspiraasje. Lars: “Ynspiraasje krij ik meastentiids op de fyts. Kin ik lekker rêstich neitinke, dan komme by my de meast briljante ideeën.” Al is Dumpert ek populêr by de mannen, sa lit Ronald witte.

“Jolke fansels!”

De hiele dei troch hâldt de redaksje yn ‘e gaten hokker artikels it goed dogge, op basis dêrfan kinne se bepale mear me in ûnderwerp te dwaan. Wat it hichtepunt wie fan de social media redaksje yn 2018? “Jolke fansels!” roppe Lars en Ronald yn koar. Mar Rennie Botma stiet op in goed twadde plak.

Foar 2019 hawwe sy noch wol in dream, in sjoernaal op social media stiet yn de stegers.

(advertinsje)