Radioargyf

Yn 2018 hie Omrop Fryslân ek in wrâldprimeur te pakken. Foar it folsleine nije radio-argyf is in twatalige spraakwerkenningsmasine ûntwikkele. De Alvestêdetocht yn 1987, de reportaazje yn eigen doarp of it petear mei omke. Fan oktober 2018 ôf binne 2300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân online te finen. Yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy is de ôfrûne jierren wurke oan in digitaal radio-argyf.

Foar it digitalisearjen is in twatalige spraakwerkenningsmasine ûntwikkele; de earste yn ‘e wrâld. It radio-argyf is te finen op Omropfryslan.nl ûnder it kopke radio. Om’t it radiomateriaal fan Omrop Fryslân út Frysk- en Nederlânsktalich materiaal bestiet wie in twatalige spraakwerkenningsmasine nedich. Yn gearwurking mei de Radboud Universiteit is dy masine ûntwikkele.Troch dy masine kin sawol op Fryske as op Nederlânske wurden socht wurde yn it argyf, mei itselde resultaat.

(advertinsje)